Fryslân ken 120 natuerynklusieve lânbouprojekten

23 okt 2020 - 15:19

De provinsje makket freed in list fan 120 natuerfreonlike lânbouprojekten iepenbier, sadat de kennis dy't mei dizze projekten opdien wurdt makliker dield wurde kin tusken boeren en oare agraryske bedriuwen.

Al 120 projekten rûn natuerynklusieve lânbou

De projekten hawwe te krijen mei boaiemferbettering, weidzjen, greidefûgels, miljeufreonlike stâlen, wetterkwaliteit, fersilting, kringlooplânbou of kennis en ûnderwiis. De list is mei opsteld troch Living Lab Fryslân.

Deputearre Klaas Fokkinga wol stimulearje dat Fryslân foarop rinnen bliuwt yn de lânbou: "Us lânbou is tradisjoneel in wrâldwide koprinner. Yn de transysje nei de natuerynklusive lânbou wolle en kinne wy ek wer koprinner wêze."

Byld nuansearje

By it grutte publyk stiet mooglik it byld foar eagen fan lulke boeren op trekkers dy't earne tsjin binne. Wat de deputearre oanbelanget, nuansearret dizze list dat byld behoarlik. "Dy argewaasje hat meastentiids te krijen mei wet- en regeljouwing dy't op Europeesk en Nederlânsk nivo leit. Mar oan de oare kant sjogge wy dat in hiel soad boeren aktyf binne om dochs de doelstellings en it belied fan it Ryk wier te meitsjen."

Boaiem sûn hâlde

Jan Kloppenburg fan Muntsjesyl is ien fan de boeren op dy list fan 120 projekten. Hy hat oan meardere projekten meidien en set bot yn op it sûn hâlden fan syn boaiem. "Mei rjochte maatregels, lykas relatyf licht ark en grutte bannen mei sa min mooglik lucht deryn, hawwe je sa min mooglik druk op de boaiem. Guon stikken grûn wiene altyd stiif en min te bewurkjen. As je sjogge hoe't dy der no hinne lizze... Mar dan hawwe je it wol oer tsien jier tiid."

Bouboer Jan Kloppenburg wurket mei grienbedongers - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

En dêr bliuwt it net by. Kloppenburg wurket bygelyks mei grienbedongers, wêrtroch't it lân der yn de hjerst en winter net keal hinne leit. Boppedat soarget dat derfoar dat de grûn yn goede kondysje bliuwt, sadat bygelyks poatierappels in folle bettere kâns krije as it bygelyks yn de maitiid hiel drûch is.

Kloppenburg jout de grûn ek 'rêst' troch in part yn te siedzjen mei gers en klaver, dêr't in melkfeehâlder yn de omjouwing wer goed mei út de fuotten kin. Yn de sleatswâlen stean dêrneist noch in soad reid en oare planten dy't no noch bloeie, dêr't ynsekten ek noch wat oan hawwe.

De sleatsrannen steane hjir fol planten en ek sels no noch blommen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Hielendal fansels giet soks net. Der is neffens Kloppenburg ek stipe nedich fan oerheden om mear boeren sa fier te krijen. "Wy hawwe in stip op de hoarizon nedich." Wat dat oanbelanget, binne dit wichtige dagen foar de boeren. Der falle besluten oer it Europeeske lânboubelied.

Weinimmen fan regels

Deputerarre Fokkinga sjocht dêr ek nei: "Sa't it der no hinne leit, soe der fan it hiele budzjet sa'n 20 prosint foar de ekosysteemregelingen frijmakke wurde. Mar ús eigen minister hat dêr in oar byld fan. Dy soe graach nei 30 prosint wolle."

De provinsje sit ek leauwer tsjin dy 30 prosint oan. Underwilens besiket de provinsje mei eigen regelingen de beweging rjochting natuerfreonlike lânbou te stypjen. Dêrby giet om de projekten as dy yn de list fan 120, mar ek om it weinimmen fan regels dy't de boeren yn it paad sitte.

De folsleine list fan projekten is hjir te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)