Trije Ljouwerters oanholden foar hannel yn yllegaal fjoerwurk

23 okt 2020 - 14:59

De plysje hat trije Ljouwerters oanholden dy't fertocht wurde fan hannel yn yllegaal fjoerwurk. Dat is dien nei in tal meldingen dy't de plysje krige oer fjoerwurkoerlêst yn de stêd. Nei ûndersyk kaam de plysje de Ljouwerters (25, 18 en 18) op it spoar.

Foto: ANP

Yn it ûndersyk fûn de plysje tritich granaten en fjirtich ferpakkingen mei trije kear in cobra-6. Dy granaten meie allinnich ôfstutsen wurde troch profesjonele fjoerwurkbedriuwen. De plysje hat it fjoerwurk, dat de krêft hat fan in hângranaat, yn beslach nommen.

De trije Ljouwerters sitte op it stuit fêst.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)