Fjouwer miljoen subsydzje foar Persoonlijke Gezondheidsomgeving

In konsortium fan 37 bedriuwen en soarchynstellings yn noard-Nederlân krijt 4 miljoen euro subsydzje fan it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) en it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat foar it ûntwikkeljen fan in Persoonlijke Gezondheidsomgeving. It jild komt út it Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling.
© Shutterstock
De stjoergroep fan it PGO Netwerk Noord wurdt foarme troch Stichting GERRIT (it gearwurkingsferbân fan en foar Fryske soarchferlieners op it mêd fan ICT en ynformaasje-útwikseling), Philips, De Friesland, Medisch Centrum Leeuwarden, Kennislab Noordoost Friesland en de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij.
Yn novimber 2019 kundigen de partijen al oan dat se de oanfraach foar de subsydzje dien hiene.

Eigen gegevens beheare

In persoonlijke gezondheidsomgeving (PGO) is in digitale omjouwing dêr't boargers harren eigen sûnensgegevens yn beheare kinne. Se helje soarchdata op by harren soarchferlieners en bepale sels mei wa't se dizze ynformaasje diele.
Oan de PGO kinne se bygelyks apparaten taheakje dy't de bloeddruk of hertslach mjitte, of apps dy't bygelyks longoanfallen foarsizze en programma's dy't helpe op gewicht te bliuwe.
De partners ynvestearje mei har allen sa'n 10 miljoen euro yn it PGO Netwerk Noord. Dy ynvestearring rint oer ferskate jierren, wêrfan't no mei de stipe fan it SNN 40 persint subsidiearre wurdt. It PGO Netwerk Noord moat in soad banen opsmite.

Better en betelberder

"Burgers en patiënten willen steeds meer hun gezondheid in eigen hand nemen. Daarnaast is er de toenemende druk op de zorg", leit Wim Hodes, direkteur fan Stichting GERRIT, út. It netwerk moat de soarchferliening better en betelberder meitsje.
Ferwachting is dat de PGO's nije banen opsmite. "PGO Netwerk Noord is niet alleen goed voor de zorg maar ook voor de economie", seit Hodes. Mei om dy reden is de subsydzje takend.