155 nije besmettingen yn Fryslân, lanlik foar it earst mear as 10.000

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 155 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne der 23 mear as tongersdei, doe wiene it der 132. De 155 besmettingen binne krekt wat mear as it gemiddelde fan de ôfrûne sân dagen. Lanlik binne der foar it earst mear as 10.000 besmettings fêststeld.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn Súdwest-Fryslân (23). Dêrnei komt Ljouwert mei 21. Yn Fryslân is it ôfrûne etmiel ien nij stjergefal meld, dat giet om in ynwenner fan Smellingerlân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne der foar it earst mear as 10.000 besmettingen fêststeld yn ien dei. It wiene der 10.007.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.