Freedsmerk oer nije lockdown: "Dat healslachtige spul fan no helpt ek net!"

23 okt 2020 - 13:27

Der moat in nije, strange lockdown komme, dat fynt in grut tal saakkundigen feriene yn it saneamde 'Red Team'. Dat soe bygelyks betsjutte: skoallen ticht en ek de winkels, útsein apoteek en supermerk. Oft dat in goed idee is, fregen we freedtemoarn op de Ljouwerter freedsmerk.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"As dat moat, dan moat it mar. Jo wolle der wol ôf fansels", sei ien. "Oft in nije lockdown de oplossing is wit ik net, mar dat healslachtige spul fan no helpt ek net!"

"Met twee kinderen thuis en dan ook ook nog thuiswerken, dat gaat écht niet!", fersuchte in jonge mem.

Ien fan de keaplju fûn fjouwer wiken wol lang, mar: "As it foar de folkssûnens better is, moat it mar. Dit jier is saaklik dochs al striemin, dat kin der noch wol by." In oar wiisde op de nije besmettingssifers: "Ik zie liever andere wereldrecords dan deze..."

Ferslachjouwer René Koster gie de freedsmerk op

(Advertinsje)
(Advertinsje)