GGD: Coronamaatregels hawwe effekt yn Fryslân, wachttiden foar testen ferdwûn

23 okt 2020 - 12:11

It tal coronabesmettingen yn Fryslân is dizze wike foar it earst sûnt begjin septimber omleech gien yn fergeliking mei in wike earder. Der kamen 1051 by, tsjin 1158 ferline wike. Neffens de GGD is dit mooglik in earste sinjaal dat de maatregels fan de ôfrûne wiken effekt ha. Minsken mei klachten dy't in test dwaan wolle, kinne binnen 24 oeren telâne op ien fan de testlokaasjes yn de provinsje.

Coronamaatregels hawwe effekt yn Fryslân, wachttiden foar testen ferdwûn

Oan de GGD is dizze wike meld dat der 4 minsken ferstoarn binne, dy't corona hiene. Dat is sûnt april it heechste oantal yn in wike tiid. Yn totaal binnen der no offisjeel 76 coronapasjinten ferstoarn. Der binne dizze wike 14 sikehûsopnamen meld, it heechste oantal sûnt ein maart.

Measte besmettingen yn Súdwest-Fryslân

De measte besmettingen binne de ôfrûne wike fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (214). Dat is foar it earst sûnt tiden mear as yn Ljouwert (198). Yn 8 fan de 18 gemeenten nimt it oantal besmettingen noch ta.

Stabilisaasje

Dochs liket de situaasje him nei wiken fan oprinnende oantallen coronabesmettingen yn Fryslân no te stabilisearjen. En dat giet tsjin de lanlike trend yn, want lanlik rinne de sifers noch altiten bot op. Op Seelân nei hat Fryslân de leechste besmettingssifers.

Marleen Luning, dokter ynfeksjesyktebestriding fan de GGD Fryslân: "We zijn voorzichtig positief. We zijn ook benieuwd of deze daling gaat doorzetten, of dit echt een effect is van de maatregelen die genomen zijn. Dat zou heel mooi zijn."

Besjoch hjirûnder it tal coronabesmettingen yn Fryslân fan de lêste 3 wiken:

Rekôrtal testen

Dizze wike is der in rekôrtal fan 10.117 testen ôfnommen, 749 mear as ferline wike. Kommende woansdei iepenet yn Kollum de fjirde testlokaasje. De GGD wol ynkoarten noch in fyfde lokaasje iepenje op It Hearrenfean of yn de omkriten dêrfan.

De yngong fan de coronafirus-testlokaasje yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ek is de GGD foar de komst fan fluchteststrjitten yn Fryslân, mar dy moatte wol betrouber wêze. "Hoe sneller mensen het weten, daar is iedereen bij gebaat", seit Luning. "We vinden het heel belangrijk dat die testen betrouwbaar zijn en daarover is nog wel discussie, omdat we merken dat er overal teststraten uit de grond worden gestampt. Die zijn niet allemaal even betrouwbaar. Vandaar dat we nog steeds vragen of mensen zich vooral via coronatest.nl en het landelijk nummer (0800-1202, red.) willen aanmelden."

Measte besmettingen thús

Neffens Luning docht bliken dat de measte besmettingen yn de thússituaasje foarkomme. "Eigenlijk daar waar men het idee heeft dat men veilig is. Dus bij familie, vrienden en soms ook op het werk bij collega's met wie je al heel nauw omgaat."

Marleen Luning, dokter ynfeksjesyktebestriding fan de GGD Fryslân

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierpagina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)