Royal A-ware no ek sponsor langebaanploech Anema

Royal A-ware is takom seizoen mei Zaanlander-kaas de nije sponsor fan de langebaanploech fan reedrydcoach Jillert Anema. A-ware is al langer sponsor fan de maratonploech fan Anema, mar no dus ek op de langebaan.
De ploech yn it nije tenu © Royal A-ware
De namme fan de langebaanploech wurdt Team Zaanlander. By de ploech ride ûnder oaren de Friezen Marijke Groenewoud, Jorrit Bergsma, Arjan Stroetinga en Bob de Vries.
Ferline jier wie easyJet de sponsor fan Anema syn langebaanploech. Dy makken fan it simmer bekend dat se opholden.