Seis automobilisten krije boete foar filmjen deadlik ûngelok

23 okt 2020 - 11:18

De plysje hat tongersdei oan seis automobilisten in boete útdield, omdat se út de auto wei bylden makken fan it deadlike ûngelok dat tongersdeitemoarn barde op de N31 by Ljouwert-Súd. Al ridende makken de bestjoerders foto's of filmkes fan it ûngelok.

Foto: CAMJO media

De boete foar sa'n oertrêding is 240 euro. Dy boete krije de minsken foar it fêsthâlden fan in mobile telefoan yn de auto, dus net foar it filmjen of fotografearjen fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)