Steatsboskbehear stelt kettingseacheksamen ferplichte: "Verantwoord aan het werk"

23 okt 2020 - 11:10

Om as partikulier op terreinen fan Steatsboskbehear resthout te seagjen mei in kettingseage, is yn de takomst in diploma nedich. Allinnich in motorkettingseage-sertifikaat is fan 2022 ôf net mear genôch. De kursus duorret trije dagen, en wurdt ôfsletten mei in eksamen. Neist it diploma is it ek noch nedich dat de partikulieren har organisearje yn bygelyks in stichting of feriening.

Steatsboskbehear stelt kettingseacheksamen ferplichte: "Verantwoord aan het werk"

Op it stuit meie partikulieren mei in kettingseage-sertifikaat resthout yn de bosk fan Steatsboskbehear helje. Op dy manier kin de bosk ûnderholden wurde, fertelt boskwachter Nick Helmers: "Wij beheren hier een 3.000 hectare bos. Een groot deel wordt met de machine geoogst. Voor een toekomstbestendig beheer dient er toch wat beheerwerk uitgevoerd te worden. Vandaar dat het via deze cursus met particulieren kan."

It gebou fan Steatsboskbehear yn Jobbegea - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Het is de bedoeling dat mensen verantwoord op pad gaan en weten wat de gevaren zijn.

Nick Helmers, boskwachter by Steatsboskbehear

Fan 2022 ôf is dat sertifikaat lykwols net mear genôch. Om ûngelokken foar te kommen, moatte partikulieren in kursus fan trije dagen ôflizze, dy't bestiet út teory, praktyk en oan de ein in eksamen. "Het is gewoon belangrijk dat mensen verantwoord in het bos aan het werk zijn", sa seit Helmers.

Yn de kursus sille allerhande ûnderwerpen behannele wurde, want neffens Helmers ferget it seagjen wol wat djipgong. "Hoe zit de machine in elkaar, hoe houd ik hem in bedrijf. Daarnaast wordt er een stukje flora en fauna getest, wat gebeurt er om je heen. En veiligheid is ook een belangrijk onderdeel, een stukje techniek."

Jantine Weidenaar mei boskwachter Nick Helmers

Ek de klean spylje in part yn de feiligens. Helmers fertelt oer de beskerming fan syn klean: "Een zaagbroek, die zit vol met vezels die de motor stoppen wanneer je je been raakt. Ook schoenen, waar dezelfde vezels in zitten, en een helm met gehoorbescherming, gelaatsbescherming, en natuurlijk de helm zelf tegen vallende takken." Elts dy't te seagjen giet yn de bosk, moat dizze beskerming brûke.

"Fan ûnderen!"

Samar de seage yn de beam sette kin net. "Je moet goed kijken of je omgeving veilig is, een vluchtroute hebben. Er moeten geen mensen in de omgeving zijn en je geeft een seintje wanneer je begint. Ook moet je kijken naar de flora en fauna, zijn er geen bijzondere soorten aanwezig?", sa seit Helmers.

Ferskaat oan techniken

Under oare it ferskaat oan seachtechnyk wurdt op de kursus behannele. "Er zijn verschillende technieken voor een rechtopstaande, vooroverhellende of achteroverhellende boom. Die technieken leer je in de cursus."

De ECC1-kursus is foar it koartsjen fan hout en foar it ûnderhâld en de feiligens fan de masine. By ECC2 learst de feltechniken om de beam feilich oan de grûn te krijen. De kursus kostet 620 euro.

Boskwachter Nick Helmers oer it omseagjen fan in beam

(Advertinsje)
(Advertinsje)