Goed trije jier sel easke tsjin Westereender om oplichting en bedriging

23 okt 2020 - 11:07

It Iepenbier Ministearje (IM) hat 40 moannen sel easke tsjin in 21-jierrige oplichter fan De Westereen. De offisier fan justysje hie it leafst sjoen dat de man nei psychiatryske observaasjeklinyk Pieter Baan Centrum stjoerd wurde soe, mar dêr gie de rjochter yn earste ynstânsje net yn mei.

Telefoan - Foto: Shutterstock.com

De Westereender hat yn 2018 en 2019 minsken oplichte fia sabeare oanmoannings fan gerjochtsdoarwarders en fia Marktplaatsoplichting. Dêr bleau it net by: de man hat ek moannenlang de telefoansintrale fan de Dienst Vervoer & Ondersteuning (DV&O) platbelle.

Trochferbine

De man wurdt fertocht fan oplichting en it telefoanysk bedriigjen fan boargers, bedriuwen en ynstânsjes. Hy die tûzenen falske meldingen oan ûnder oare de plysje, de brânwacht, sikehuzen en in ferloskundepraktyk. Hy ferbûn dy ynstânsjes, sûnder dat sy dat woene, mei elkoar troch fia saneamde conference calls. Hy hat ek besocht in sikehûs ôf te setten foar in kwart miljoen euro.

Nachts foel hy minsken lestich, lykas in âldere man fan Hogeveen dy't herstellende wie fan in hertoperaasje. De Westereender ferbleau benammen yn it bûtenlân, yn hotels. Hy hold der in djoere libbensstyl op nei.

De man sei sels dat hy dat al sûnt syn middelbere skoaltiid minsken oplichtet. Yn 2016 waard hy feroardiele foar oplichting. Doe hie hy ek 21.000 euro fan de rekken fan syn beppe helle. By him is ea in autistyske steurnis fêststeld en in gokferslaving.

Arrestaasjebevel

Yn desimber ferline jier is hy oppakt yn Kopenhagen yn Denemarken, nei't Justysje in Europeesk arrestaasjebevel útfeardige hie. Yn jannewaris koe hy yn behanneling, mar dêr is hy nei in moanne mei ophâlden. Sels seit hy dat hy syn 'kwalen' beard hie, om nei in koarte behanneling betiid frij te kommen. In psycholooch advisearret no opname yn it Pieter Baan Centrum, foar psychologyske observaasje.

De rjochtbank docht op 5 novimber útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)