Minder coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

23 okt 2020 - 11:05

It tal coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen is weromrûn, yn ferliking mei de lêste sifers. It binne der no 57, hat it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland freed bekend makke. By de lêste stân fan saken, ôfrûne woansdei, wiene it der noch 62.

Coronapasjinten op de intensive care:

Op de Fryske intensive cares lizze no 16 coronapasjinten, dat is ien minder as woansdei. It tal coronapasjinten op de ferpleechôfdielingen is weromrûn fan 45 nei 41.

Yn totaal lizze der yn de trije noardlike provinsjes 39 coronapasjinten op de intensive care en 106 op oare ôfdielingen. Fan de ic-pasjinten komme der 22 út oare regio's, fan de oare ôfdielingen komme der 43 út oare regio's.

Coronapasjinten op oare ôfdielingen:

Trefwurden: 
sikehûzen coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)