Finansjele tafaller foar Achtkarspelen fan goed 3 ton

23 okt 2020 - 10:35

De gemeente Achtkarspelen hat in finansjele tafaller fan 320.000 euro. It werynrjochtsjen fan it sintrum fan Surhústerfean kostet minder jild as begrutte. Dat komt troch in provinsjale subsydzje en in oanbesteging dy't foardielich útfoel.

De Dellen yn Surhústerfean - Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De subsydzje is in bydrage fan de regeling Fiets!mpuls fan de provinsje Fryslân. Achtkarspelen krijt de maksimale twa ton takend út dy pot. De oanbesteging fan it projekt yn Surhústerfean falt 120.000 euro goedkeaper út as ferwachte.

De gemeenteried luts yn totaal trije miljoen euro út foar de rekonstruksje fan it winkelsintrum yn Surhústerfean. Dat wie in heal miljoen euro mear as wat de bedoeling wie. It wurk is yntusken úteinset. De hiele put moat ein 2021 klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)