Bûtenpost kin oan de slach mei werynrjochting sintrum

23 okt 2020 - 10:13

Bûtenpost mei it winkelhert yn it doarp oanpakke. De gemeenteried fan Achtkarspelen hat unanym ynstimd mei de Centrumvisie Buitenpost.

It sintrum fan Bûtenpost - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

It sintrum fan Bûtenpost moat mear libben krije. Dêrfoar is ûnder oare in kompakter hert en mear ferskaat nedich. De ried stelt 15.000 euro beskikber om de plannen ta te rieden. Dat is sa'n 25.000 euro minder as wat de bedoeling wie. Troch minder eksterne buro's yn te hieren, is it minder djoer.

By de werynrjochting fan it sintrum krijt in lokale projektgroep in wichtige rol. Dy groep bestiet út ûndernimmers, de Business Club Buitenpost (BCB) en pleatslik belang. De kunde dy't dy ferieningen ha, moat benut wurde, fûn de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)