Kollum: "De keninklike poppekast"

"Us lân stie yn 'e brân omdat de kening mei frou en bern útnaaie soe nei Grikelân! Doe is de hiele hûshâlding mar wer thús kommen en ik bin benijd hoe gesellich oft se it dêr ha. Rutte wie fansels wer de lul, dus hy sil it smoar ek wol yn ha en alle praat- en nijsprogramma's hiene wer eat om wiidweidich oer te eameljen.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Doe't ik hearde dat de keninklike famylje op fakânsje soe, fûn ik dat net sa tûk. As dyn ûnderdienen amper in kant útkinne of fallyt gean, dan is soks net bepaald hertferwaarmjend. Dat ha se grif sels ek wol witten, oars hiene se it net op sa'n efterbakse manier dien. Mar oan 'e oare kant hiene se wierskynlik slim ferlet de sinnen efkes te fersetten, krekt as elkenien dy't op 'en paad is yn 'e hjerstfakânsje.
De eilannen binne nochal populêr, ha 'k yn 'e krante lêzen en Esonstad ek. Simon Den Uijl út Eindhoven is dêrhinne gien mei syn frou en trije bern, want se moasten der echt efkes út! Mar wêrom falt net ien oer Simon en wol oer de kening? Hy fljocht mei syn eigen gesin yn syn 'eigen' fleantúch nei syn eigen fakânsjehûs, krekt as dy Simon mei de eigen frou en bern yn de eigen auto nei Fryslân rydt.
Us kening is ek mar in man yn in húshâlding fol froulju en miskien seure dy him al skoften oan 'e holle dat se sa graach op fakânsje wolle! Myn 'nee' is ek wolris in 'okee' wurden, doe't ús allerleafste dochter har heit in kear leaf oan seach en ik sadwaande samar yn in waarm lân yn in frjemde keuken iten stie te sieden. Ik moat earlik sizze dat ik it doe achterôf besjoen hielendal net slim fûn. Ik sjoch ornaris mear op tsjin de drokte foar de fakânsje as de fakânsje sels, mar it thúskommen fyn ik altyd noch it aardichst.
Oan de mâle harsens fan de kening te sjen, fûn hy dat net. Earme man! Earst al dat gedoch om stikem fuort te kommen en doe moast er halje-trawalje wer nei syn kikkerlân, omdat dy ferrekte ûnderdienen leine te razen as sûchbarchjes. Hy hat yntusken syn ekskús al oanbean yn in filmke en de eachopslach fan Maxima die my tinken oan dy fan in hûn út sa'n homevideo, neidat er eat ferfretten hat.
Dy bisten ha bliksemse goed yn 'e gaten dat se stout west ha, mar se sjogge sa begrutlik datst it ek samar wer ferjitten bist. It wie net in ferstannige aksje, sei de kening en dat makket him ek gewoan mar in mins dy't fouten makket. En dochs liket soks tagelyk wer net de bedoeling, want oars hie er syn tekst wol wat minder heechhertich opsein.
Wat no al presys de bedoeling fan dy keninklike poppekast is, ha ik persoanlik noch noait begrepen. Myn fassinaasje foar dy minsken giet net fierder as wat Maxima oan hat op keningsdei en ast dy yn 'e skiednis ferdjippest, wurdst ek net in soad wizer. Want wa binne tusken dy 50 tinten oranje no echt oranje? En wat kostet it allegear wol net om dit reizgjende poppeteäter yn stân te hâlden?
Wat my oanbelanget fleane se noch ien kear nei Grikelân om dêr foar ivich fakânsje te fieren. As we dochs dwaande binne om tradysjes te skrassen dy't net mear by de hjoeddeiske maatskippij passe, dan kin de monargy dêr ek wol by. Ik ha neat tsjin de minsken, hear, mar ik fyn it gewoan net mear fan dizze tiid. En it soe my neat fernuverje as de kening it dêr stikem wol mei iens is."