Wethâlder Hein Kuiken makket him soargen oer kwetsbere groepen yn coronakrisis

23 okt 2020 - 08:07

It tal bystânsútkearingen yn Ljouwert rint de lêste tiid op yn de gemeente Ljouwert. De ferwachting is dat mear minsken yn de problemen komme. De beheiningen fan sintra dy't harren ynsette foar kwetsbere groepen yn de mienskip makket it der net better op. Sa sjocht netwurksintrum Oud Oost yn de stêd in grut part fan syn klanten net mear. Dy komme net mear om ferskate redenen fanwegen de corona. Boppedat is it tal minsken dat se ûntfange kinne hiel beheind.

Wethâlder Hein Kuiken oer kwetsbere groepen

Wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert makket him ek soargen oer dizze groep. Dochs is it ek foar de gemeente dreech om gryp te krijen en kontakt te hâlden mei dizze minsken. Hy hopet dat as de 'gewoane tiden' aanst wer oanbrekke de tried wer better oppakt wurde kin, mar wol no foaral dat alles dien wurdt om minsken sa goed en sa kwea as it giet dochs te helpen.

Wethâlder Hein Kuiken oer de kwetsbere groepen:

Wethâlder Hein Kuiken oer kwetsbere groepen

Der is neffens de wethâlder goed oerlis tusken de ynstânsjes, frijwilligerorganisaasjes en de gemeente. Op alle wizen dy't mooglik binne, wurdt besocht it kontakt te hâlden, seit Kuiken. "We hebben natuurlijk om moeten schakelen in deze coronatijd. Dat betekent dat fysiek contact er vaak niet meer bij is. We proberen daar wel creatief mee om te gaan en contact op andere manieren te faciliteren, maar dat is kwalitatief echt van mindere aard. Het is alle zeilen bijzetten om iedereen een beetje in beeld te houden."

Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Simone Scheffer

(Advertinsje)
(Advertinsje)