Liveblog | 24 oktober 2020

Coronanijs freed 23 oktober: Tsientallen Cambuursupporters negearje oardel meter by kampioensfeest

Yn dit liveblog wie it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân te folgjen.
Lêst bywurke: 24 oktober 2020, 23:32
00:24

Ein liveblog

Oant safier dit liveblog fan freed 23 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje.
Moarn is der wer in liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus. Dat is te folgjen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.
23:20

Tsientallen Cambuursupporters negearje oardel meter by kampioensfeest

Op it Cambuurplein binne tsientallen minsken by mekoar. Se fiere dat Cambuur sa goed as wis de perioadetitel pakt. Dêrby hâlde se har net oan de oardelmeterregel. Dat meldt in tsjûge. De fans raze, sjonge, en stekke fjoerwurk ôf. Plyjses binne der by, mar gripe net yn.
Tsientallen Cambuursupporters negearje oardel meter by kampioensfeest
20:16

Brânwacht: publyk by brân Snits hâldt him net oan oardel meter

Helpferlieners sizze dat der in protte minsken steane te sjen by in brân yn Snits. Net elkenien hâldt him oan de oardel meter ôfstân. Dat seit in wurdfierder fan de brânwacht. Se docht in driuwend berop op de minsken dy't der binne, om nei hûs te gean.
"We merken dat er veel mensen bij de brand staan te kijken. We verzoeken iedereen dringend naar huis te gaan in verband met de veiligheid (waarmee we uiteraard ook op corona doelen)", meldt de brânwacht op twitter. "Blijf je toch, houd dan minstens 1,5 meter afstand van elkaar en geef hulpverleners de ruimte."
By de brân yn Snits binne fjouwer minsken nei it sikehûs rekke. It is net dúdlik hoe't se der krekt oan ta binne. De brân wie útbrutsen op de tredde ferdjipping fan in portykflat oan de Rijperahemstrjitte.
18:40

Basisskoalle op It Amelân ticht nei coronabesmetting

Iepenbiere basisskoalle De Schakel op it Amelân is tichtgien om't in learkrêft posityf testen is op corona. De bern bliuwe ek kommende moandei noch thús fan skoalle.
Moandei sil der ek in beslút naam wurde of't de bern tiisdei wer nei skoalle kinne. Yntusken wurde mear minsken test dy't mei de besmette learkrêft yn oanrekking west binne.
18:22

Buma wol it wykein noch ôfwachtsje: "Te vroeg voor een complete lockdown"

Foarsitter Sybrand Buma fan de Fryske feilichheidsregio fynt it noch te betiid foar in folsleine lockdown. Hy wol earst de sifers fan it kommende wykein ôfwachtsje. Dat seit er yn It Polytburo.
Buma jout ta dat it mei de besmettingssifers net goed giet yn ús lân, mar in totale lockdown bringt in protte skea mei him mei, seit er, foaral op ekonomysk mêd. Yn in lân as Sina liket sa'n lockdown wol resultaat te hawwen, mar Buma twivelet oan dy sifers. Boppedat, sa sei Buma, is Sina in diktatuer, dêr't sokke maatregels makliker naam wurde kinne.
18:03

Helte minder planbere operaasjes yn Tjongerskâns

Fan moandei ôf oan giet likernôch 50 prosint fan de planbere operaasjes fan sikehûs Tjongerskâns net troch yn ferbân mei it ôfskalen fan de reguliere soarch. Dat seit krisismanager Jacqueline Wijnveen fan it sikehûs.
Wijnveen jout oan dat de totale soarch net foar 50 prosint ôfskaald wurdt, want der binne noch wol spoedoperaasjes en datsoarte saken. De totale reguliere soarch dy't it Tjongerskâns fan moandei ôf oan leverje kin, is likernôch 60 oant 65 prosint fan wat se normaal kinne.