Coronanijs freed 23 oktober: Tsientallen Cambuursupporters negearje oardel meter by kampioensfeest

24 okt 2020 - 00:31
  • Foar it earst yn wiken lykje de besmettingssifers te stabilisearjen, der binne hjoed 155 coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân;
  • Tsientallen Cambuursupporters negearje oardel meter by kampioensfeest;
  • By in brân yn Snits roppe de helptsjinsten omstanners op om ôfstân te hâlden, neffens de brânwacht die net elkenien dat;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
0:24
Ein liveblog

Oant safier dit liveblog fan freed 23 oktober. We sette noch ien kear it belangrykste nijs op in rychje.

  • Foar it earst yn wiken lykje de besmettingssifers te stabilisearjen, der binne hjoed 155 coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân;
  • Sikehûzen kinne ferplichte wurde coronakapasiteit frij te hâlden, en de minister stjoert oan op mear regionale gearwurking;
  • It sikehûs Tsjongerskâns op it Hearrenfean skaalt de reguliere soarch behoarlik ôf, de helte fan de 'planbare' operaasjes wurdt útsteld;
  • It kabinet leit alle opsjes op tafel as it oantal besmettingen net fierder weromrint, in jûnsklok wurdt net útsletten;
  • Neffens foarsitter Sybrand Buma fan de Fryske feilichheidsregio is it 'noch te betiid' foar in totale lockdown;
  • Yn Ljouwert is in wensoarchsintrum op slot fanwege 14 besmette bewenners;
  • In skoalle yn Beetstersweach giet in wike ticht fanwege in besmetting by in personielslid;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Moarn is der wer in liveblog mei it lêste Fryske nijs oer it coronafirus. Dat is te folgjen op omropfryslan.nl en yn de app fan Omrop Fryslân.

23:20
Tsientallen Cambuursupporters negearje oardel meter by kampioensfeest

Op it Cambuurplein binne tsientallen minsken by mekoar. Se fiere dat Cambuur sa goed as wis de perioadetitel pakt. Dêrby hâlde se har net oan de oardelmeterregel. Dat meldt in tsjûge. De fans raze, sjonge, en stekke fjoerwurk ôf. Plyjses binne der by, mar gripe net yn.

Tsientallen Cambuursupporters negearje oardel meter by kampioensfeest

20:16
Brânwacht: publyk by brân Snits hâldt him net oan oardel meter

Helpferlieners sizze dat der in protte minsken steane te sjen by in brân yn Snits. Net elkenien hâldt him oan de oardel meter ôfstân. Dat seit in wurdfierder fan de brânwacht. Se docht in driuwend berop op de minsken dy't der binne, om nei hûs te gean.

"We merken dat er veel mensen bij de brand staan te kijken. We verzoeken iedereen dringend naar huis te gaan in verband met de veiligheid (waarmee we uiteraard ook op corona doelen)", meldt de brânwacht op twitter. "Blijf je toch, houd dan minstens 1,5 meter afstand van elkaar en geef hulpverleners de ruimte."

By de brân yn Snits binne fjouwer minsken nei it sikehûs rekke. It is net dúdlik hoe't se der krekt oan ta binne. De brân wie útbrutsen op de tredde ferdjipping fan in portykflat oan de Rijperahemstrjitte.

18:40
Basisskoalle op It Amelân ticht nei coronabesmetting

Iepenbiere basisskoalle De Schakel op it Amelân is tichtgien om't in learkrêft posityf testen is op corona. De bern bliuwe ek kommende moandei noch thús fan skoalle.

Moandei sil der ek in beslút naam wurde of't de bern tiisdei wer nei skoalle kinne. Yntusken wurde mear minsken test dy't mei de besmette learkrêft yn oanrekking west binne.

18:22
Buma wol it wykein noch ôfwachtsje: "Te vroeg voor een complete lockdown"

Foarsitter Sybrand Buma fan de Fryske feilichheidsregio fynt it noch te betiid foar in folsleine lockdown. Hy wol earst de sifers fan it kommende wykein ôfwachtsje. Dat seit er yn It Polytburo.

Buma jout ta dat it mei de besmettingssifers net goed giet yn ús lân, mar in totale lockdown bringt in protte skea mei him mei, seit er, foaral op ekonomysk mêd. Yn in lân as Sina liket sa'n lockdown wol resultaat te hawwen, mar Buma twivelet oan dy sifers. Boppedat, sa sei Buma, is Sina in diktatuer, dêr't sokke maatregels makliker naam wurde kinne.

18:03
Helte minder planbere operaasjes yn Tjongerskâns

Fan moandei ôf oan giet likernôch 50 prosint fan de planbere operaasjes fan sikehûs Tjongerskâns net troch yn ferbân mei it ôfskalen fan de reguliere soarch. Dat seit krisismanager Jacqueline Wijnveen fan it sikehûs.

Wijnveen jout oan dat de totale soarch net foar 50 prosint ôfskaald wurdt, want der binne noch wol spoedoperaasjes en datsoarte saken. De totale reguliere soarch dy't it Tjongerskâns fan moandei ôf oan leverje kin, is likernôch 60 oant 65 prosint fan wat se normaal kinne.

17:06
Minister: regionale gearwurking útwreidzje om akute soarch beskikber te hâlden

Troch de flugge taname fan it oantal coronabesmettingen nimt de druk op de soarch ta. Dat seit minister Tamara van Ark fan medyske soarch. Om derfoar te soargjen dat de akute soarch beskikber bliuwt, hat se mei de belutsen partijen nije maatregels ôfpraat. Ien fan de maatregels is dat de regionale gearwurking fan alle soarchoanbieders en fersekerders útwreide wurdt, ek as it giet om de reguliere soarch.

Boppedat krijt it lanlik sintrum foar pasjintesprieding in mear stjoerende rol by de ferdieling fan coronapasjinten oer it lân. Dat sintrum bepaalt fan no ôf in wike foarút hoefolle kapasiteit frijholden wurde moat foar de coronasoarch, sadat sikehûzen har dêr op tiid op tariede kinne.

Jacqueline Wijnveen is krisiskoördinator fan it sikehûs Tjongerskâns op it Hearrenfean. Se seit dat it goed is dat de minister aksje ûndernimt. "Dit betekent voor ons dat we meer moeten afschalen, om onze verantwoordelijkheid voor het geheel te nemen."

"We bekijken wat er kan worden uitgesteld. De medisch specialisten beoordelen dat van patiënt tot patiënt. Iemand die nu op een wachtlijst staan, kan ook een spoedgeval worden. En dat wil je niet."

17:01
Grutte soargen oer oprinnende coronasifers by MCL, "mar de sfear binnen it team is goed"

De minsken op de longôfdieling fan it MCL ha grutte soargen oer de tanimmende coronasifers. Dat seit Gerbrich de Vries. Se wurket op de longôfdieling fan it MCL. Der is in soad bining yn it team, dat in protte meimakke hat, seit se. "Wy steane der mei inoar en foar de pasjinten."

Se hat de yndruk dat minsken noch net genôch yn de gaten ha dat se mûlkapkes opsette moatte. "It is hiel belangryk om it sinjaal te jaan dat minsken dat dwaan moatte, We moatte ús oan de maatregels hâlde, want dy binne der net foar neat."

16:35
Hoareka krijt 2.500 euro

Der komt in ienmalige ekstra útkearing foar hoarekabedriuwen dy't fanwege de coronakrisis ticht binne. Se krije in bedrach fan 2.500 euro, sizze boarnen yn Den Haag tsjin de NOS.

16:17
Kabinet leit "alle opsjes op tafel" as besmettingssifers net weromrinne: jûnsklok net útsletten

It kabinet leit "alle senario's op tafel" as oan de ein fan de kommende wike de besmettingssifers net weromrinne. Dat sizze premier Mark Rutte en coronaminister Hugo de Jonge.

In jûnsklok wurdt net útsletten, seit de premier. Mar troch de maatregels dy't al troffen binne, sa as it alkoholferbod op strjitte en it sluten fan de hoareka "begjint it yn syn effekt te lykjen" op in jûnsklok. It kabinet sjocht ek yn de gegevens fan bygelyks parkearmjitters dat der jûns minder misken op strjitte binne.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)