Skûtsjestêd Drachten wol in mar om op te silen: "Grave, bliksem!"
Mar leafst tolve fan de fjirtjin SKS-skûtsjes en de helte fan de IFKS-skûtsjes komme derwei: út Drachten. Piipsters en Bûtenstfallaatsters binne de koprinners binnen it skûtsjesilen. Mar de skûtsjes kinne hast net sile op de smelle wetters yn it gebiet en dêrom leit der in plan om in mar by Drachten oan te lizzen. Yn ít skûtsjedoarp moat skûtsjesyld wurde, fine de inisjatyfnimmers fan it plan. Se meitsje diel út fan Skûtsjestêd Drachten, in klup fan tolve skûtsje-eigeners dy't ferbûn binne oan Drachten.
By de werf op Bûtenstfallaat stappe we oan board fan skûtsje De Jonge Trijntje. De fok giet omheech en we sile oer it Djippe Gat efter it yndustryterrein fan Drachten en oer de Smelle Ie rjochting Aldegea en De Feanhoop. De smelle wetterkes moatte grut sylwetter wurde, fertelt de skipper.
"Kinst it hjir prachtich moai sjen: Hast dêr de kop fan it Gaastereilân, ast dat der no in bytsje wei hellest en do hellest in stik fan it fûgeleilân ôf, dat kin ek wol fuort. En hjir graafst in stik fan de greide ôf, no dan krije we in mar dêr binne we grutsk op. Want dan kinne we konkurrearje mei in Langwar, mei in Sleat en neam allegeare mar op", seit skûtsjeskipper Riemer de Graaf.
Racemeunsters komme út Drachten
Dat der in mar by Drachten komme moat, komt net út de loft fallen. De histoaryske wearde fan Drachten as skûtsjedoarp spilet dêryn in grutte rol. De racemeunsters ûnder de skûtsjes komme derwei. "Drachten hie eartiids fjouwer skipswerven wêrûnder dy fan myn famylje op It Bûtenstfallaat, dêr komme de Bûtenstfallaatsters wei", fertelt Haiko van der Werff.
"Op De Piip dêr wiene dan de Roorda's en dêr binne de Piipsters boud. De skûtsjes fan dizze werven binne hartstikke bekend noch, dy sile allegeare noch rûn yn de SKS en de IFKS. Allinnich by it grutte publyk is dat net sa bekend en by Drachten eins ek net. Myn werf is der noch altyd, nei mear as 300 jier, en dat wolle we bekend meitsje. Dat kin ek toeristen oansprekke", leit van der Werff út.
Mar sûnder wetter kinne de wettersporters en toeristen net nei Drachten komme en dêrom moat der grûn ôfgroeven wurde. "De greiden hjir oan de kant fan De Pein, dêr hast in polder mei in polderdykje. Ast dy trochstekke soest, dan leit it al ûnder wetter. Dan is it al in mar, allinnich net sa djip", fertelt Van der Werff.
De inisjatyfnimmers sjogge it al hielendal foar har. "Dêr sit sân yn de grûn dat soest winne kinne en dan soest dêr in fatsoenlik sylwetter kreëarje kinne." Fan it sân kin neffens de inisjatyfnimmers ek in grut diel fan de kosten dekt wurde.
Pompeblêdeilantsjes
"Dan binne hjir ek noch twa eilantsjes dy't eins hielendal oerwoekere wurde troch beammen en dat is natuerlik foar silers ek net leuk. It nimt de wyn fuort. En dy eilantsjes dy sitte ús ek in bytsje yn it paad dus dy wolle we dan ek wol fuort ha. Mar dan kreëarje we wer nije eilantsjes en dy moate dan tsjinje as boeien yn it permaninte wedstriidwetter, dêr't je dus ek permanint oefenje kinne", leit Van der Werff út. De eilantsjes dy't der nij komme, kinne sels foarmjûn wurde. "Dus wêrom net yn de foarm fan pompeblêden".
It plak fan de mar is dus keazen, mar no is it noch de fraach oft it plan helber is. Neffens de inisjatyfnimmers moat dat wol slagje. "Dizze grûn is tink ik foar in grut diel fan ús gemeente Smellingerlân, dus je kinne der bêst wol in hiel soad mei dwaan. Allinnich sille der in pear kontakten lein wurde moate mei bygelyks de boeren hjir yn de omkriten. Mar dan binne der echt wol mooglikheden om dit troch te setten", seit De Graaf.
De inisjatyfnimmers dy't by de groep entûsjastelingen hearre fan Skûtsjestêd Drachten, binne al mei de gemeente om tafel. "Jaseker, en dat wurdearje wy ek bysûnder. Dat der no net allinnich fanút it gemeentehûs tekeningen makke wurde, mar dat se ek sizze; 'we wolle ris mei de wettersporters prate'. Op dy wize binne se ek mei ús as skûtsjesilers oan de slach gien. No wolle we eins de folgende stap sette."
"It is foar ús ek in stip op de hoarizon. Wy fine it wichtich dat der in plan makke wurdt, dêr't je nei ta libje kinne. Dat dit net allegearre fol boud wurdt mei oare dingen. Want dat driget hjir wol wat: Drachten wreidet út. De kaarten wurde hjir no wol in bytsje skodde yn dizze omjouwing. Der komme hotels, huzen, dit of dat. Der wurdt oer neitocht, der binne minsken mei dwaande en dus sizze wy: 'doch dat no net, soargje dat it hjir iepen bliuwt en meitsje der wetter fan'. Hâld dit lânskip iepen", bepleitet Van der Werff.
"It leafst begûn ik no al te graven om it wat grutter te krijen. It doel soe wêze, dat it oer fiif of tsien jier echt in mar wurdt. We wolle hiel graach mei de jeugd oan de slach, we wolle graach mei silers oan de slach en dan soe it prachtich moai wêze foar Drachten om minsken en toeristen te lûken, om hjir te silen", seit De Graaf.
By gemeente Smellingerlân binne se bekend mei de winsk fan Skûtsjestêd Drachten. It plan foar de mar is dêrom opnaam yn de fyzje Waterfront Drachten. "Dit plan bestaat uit meerdere stapstenen om Drachten beter aan het water te verbinden. Het is echter als vergezicht weggezet en is nu niet aan de orde. De grond die het betreft is overigens ook niet van de gemeente", lit in wurdfierder fan de gemeente witte.
Fytspontsje
De gemeente fiert wol trije oare projekten út dy't binnen Waterfront Drachten falle. Sa wurdt der in parkhaven oanlein by de Piip en Slingepark yn Drachten, wurdt it Bûtenstfallaat sichtber makke troch beammen en boskjes fuort te heljen en komt der in fytspontsje tusken Bûtenstfallaat en Aldegea/De Pein. "Daarnaast zijn we met Skûtsjestêd Drachten in gesprek om een belevingscentrum te realiseren. Het initiatief ligt hiervoor bij hen, maar als gemeente staan we positief tegenover deze plannen."
Dielnimmers Skûtsjestêd Drachten: