KNSB skrast iepeningstoernoai shorttrackseizoen nei coronabesmettingen

De International Invitation Cup, dy't foar de kommende trije dagen op It Hearrenfean op it programma stie, giet net troch. Dat meldt it reedrydbûn KNSB. It toernoai hie de iepening wêze moatten fan it shorttrackseizoen. It is op it lêste momint skrast fanwege de coronakrisis.
Shorttrackers op it iis © Martin de Jong
Woansdei is der by alle dielnimmers oan it toernoai in coronatest ôfnaam. Dat smiet twa positive gefallen op. It giet om de Nederlânske reedrydster Xandra Velzeboer en in Poalske shorttracker.
Velzeboer is ien fan de fiif Nederlânske riders dy't al yn selsisolaasje sieten, omdat ploechgenoat Dennis Visser op tiisdei al posityf test wie. Hy gie dêrop yn karantêne. De oare trije binne Sjinkie Knegt, Sven Roes en Bram Steenaart.

"Optelsom van factoren"

"Het was een optelsom van factoren", seit Carl Mureau fan de KNSB. "Er waren al veel concurrenten weggevallen. De Duitsers en de Italianen kwamen al niet. Toen viel Polen ook nog uit. En je eigen team is al uitgedund... Daarom hebben we besloten het niet te doen."
Wat ek meispilet yn de beslissing is it groeiende oantal besmettings yn Nederlân, lit de KNSB witte. Mooglik komt der letter dit seizoen noch in alternatyf toernoai. Earder liet Sjinkie Knegt him al kritysk út oer it toernoai. Hy neamde it ûnferantwurde.

NK ôfstannen

Foar folgjend wykein stiet it NK ôfstannen op it programma yn Thialf. De tarissings dêrfoar binne noch yn folle gong. Mureau: "Ook daarvoor geldt dat we er alles aan doen om de wedstrijd coronaproof te laten verlopen. Het moet verantwoord en veilig zijn. Als daar enige twijfel over is, doen we het niet. Vooralsnog staan de seinen gewoon op groen."
Carl Mureau fan de KNSB