Ljouwerter politike feriening PAL hâldt op te bestean

22 okt 2020 - 22:31

De Ljouwerter politike feriening PAL hâldt definityf op te bestean. De goed tweintich leden dy't de feriening noch hie, ha dat mei inoar besletten. PAL waard yn 1978 oprjochte troch leden fan de PSP, PPR, CPN en de pleatslike polityk groepearring Axies. In goed tsien jier letter gie de feriening de gearwurking oan mei Grien Links, mei wa't PAL op it stuit fiif sitten yn de gemeenteried hat.

Foto: PAL GroenLinks

De ôfrûne jierren rûn it tal leden flink werom. In part stapte oer nei GrienLinks. Omdat der net folle leden mear wiene, stelde it bestjoer foar om der mar mei op te hâlden. De leden wiene it dêr mei iens.

Marja Reijndorp oer it beslút

Trefwurden: 
polityk PAL
(Advertinsje)
(Advertinsje)