Gemeente Waadhoeke rêdt teäter de Koornbeurs mei 150.000 euro

De gemeente Waadhoeke stelt 150.000 euro beskikber oan it teäter de Koornbeurs yn Frjentsjer. "Wy tinke dat der gjin oare opsjes binne", seit wethâlder Jan Dijkstra.
Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Der wie in fûle diskusje yn de ried foardat dy mei it jild oer de brêge kaam. It teäter sit al in skoft yn de finansjele problemen. Troch de coronakrisis is de situaasje no noch slimmer wurden, wylst it teäter mei in nij bestjoer krekt op it goeie paad siet.
Jierrenlang is der 'ienmalich' gemeentejild hinne gong. "Weet de wethouder wel wat de definitie is van 'eenmalig", frege Dit Bloem-Hofman fan de ChristenUnie har ôf.
Herre Hof fan Gemeentebelangen gong noch fierder. Hy sei dat der sprake wie fan 'mismanagement'. Syn fraksje woe it jild wol jaan, mar allinne as dat betelle waard út de subsydzje dy't it teäter oars in jier letter dochs al krigen hie. In part fan de fraksje fan kolleezjepartij CDA wie it dêr mei iens, mar it foarstel sneuvele. Der wie ien stim te min.
"We moatte it teäter perspektyf biede", sei de wethâlder. "No jild jaan dat se dan takom jier tekoart komme, biedt gjin perspektyf."