Socht: Willem Fluiter, Harm Zoepenbrij en oare âlde Dokkumer bynammen

22 okt 2020 - 21:33

Ut Genoatskap foar ut gebrúk fan ut Dokkumers siket bynammen fan âld-Dokkumers. It hat al sa'n 860 bynammen út de 20e iuw op harren webside set, en siket no nei mear bynammen.

Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Bynammen fertelle in protte oer minsken, fertelt Nico Douma fan it genoatskip. "Bijnamen zijn vaak gerelateerd aan het beroep dat mensen hadden, of hoe ze eruit zagen of wat voor gewoontes ze hadden. Dat vertelt een verhaal over die Dokkumers in de 20e eeuw."

It genoatskip hat al in aardige list mei nammen. "Als je naar de beroepen kijkt, hadden we in Dokkum 'De Profeet', dat was de dominee. Willem Fluiter was stoombootkapitein, en Harm Zoepenbrij, dat was de melkboer", fertelt Douma. "Je had ook lui die zagen er wat vreemd uit, dan krijg je Gerrit met de bult, Jan met de kont, of Antje slap handje."

De nammen komme fan in ferskaat oan listen. "We hebben het nu allemaal bij elkaar gebracht, hier en daar mist nog wat en er nog zal wel eens een fout in zitten. Er zijn nu misschien nog mensen die ze gekend hebben."

Nico Douma

(Advertinsje)
(Advertinsje)