Ophokplicht foar plomfee om fûgelgryp: "Ferstannich beslút"

22 okt 2020 - 21:08

Plomfee moat fan freed ôf ferplicht binnen bliuwe fanwegen in lanlike ophokplicht. Dit moat fersprieding fan de fûgelgryp foarkomme. Piet Faber fan LTO Noord hat begryp foar dy maatregel. "Ik fyn it in ferstannich beslút, want it hat bliken dien dat yn wylde fûgels it fûgelgrypfirus fan de gefaarlike fariant oantoand is, en dan liket it my in handich beslút om de hinnen binnen te hâlden", sa seit hy.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

De ophokplicht jildt allinnich foar de kommersjele plomfeehâlders, en dus net foar partikulieren. "Dat wie folle better, mar dat is moeilik te hanthavenjen en ferstannige minsken hawwe in ôfdakje boppe de 'útloop', want dat hie ús pake eartiids ek", seit Faber.

Neffens Faber is it opmerklik dat dizze maatregels no al nommen wurde moatte. "Wy binne net sa benaud, mar we hawwe wol soargen oer de 'hoeveelheid' firus dy der sa betiid yn it firusseizoen alwer yn wylde fûgels oanwêzich is", sa seit Faber.

Piet Faber fan LTO Noord oer de maatregels

(Advertinsje)
(Advertinsje)