Corona hâldt skoalle foar spesjaal ûnderwiis yn Beetstersweach wike ticht

22 okt 2020 - 20:32

School Lyndensteyn yn Beetstersweach giet in wike ticht. Op de skoalle foar spesjaal ûnderwiis is in meiwurker posityf test op corona. Om't it personielslid troch de hiele skoalle oan it wurk west hat, hat de lieding besletten om de doarren te sluten.

Foto: Google Streetview

Op de skoalle sitte 220 learlingen. It giet om bern mei in lichaamlike, geestlike of mearfâldige beheining en om bern dy't langere tiid siik binne. "Je koene der in bytsje op wachtsje dat der ek by ús in coronagefal komme soe", seit direkteur Tseard Fabriek.

"De learlingen wurde mei taksys nei skoalle brocht en komme út hiel Fryslân wei. Dus we holden der wol rekken mei. Dat nimt net wei dat de impact grut is op dizze kwetsbere bern". Fabriek hopet dat de skoalle nei in wike wer iepen kin.

Direkteur Tseard Fabriek fan School Lyndensteyn

(Advertinsje)
(Advertinsje)