Boargemaster Buma ropt op: "Vermijd drukte, niet allemaal op zaterdagmiddag de stad in"

22 okt 2020 - 18:28

Boargemaster Buma fan Ljouwert ropt minsken op de kommende tiid sa folle as mooglik drokte te mijen. Hy seit dat it bygelyks ferstanniger is om op sneontemoarn betiid nei de stêd te gean, om sa de drokte oer de dei te sprieden. Ofrûne wykein wie it drok yn de binnenstêd fan Ljouwert. De gemeente sil dêrom ekstra maatregels nimme.

Foto: Omrop Fryslân

De Wurdumerdyk en de Nijstêd wurde op sneontemiddei tenei in gebiet foar kuierders, auto's en fytsen meie der dan net mear komme. "Dit is om te zorgen dat er geen onnodige extra beweging in de stad is", seit Buma.

"De ingang van de binnenstad heeft ook borden waarop je kan zien hoe het op dat moment is. Het is wel zo dat het van belang is dat mensen niet allemaal zaterdagmiddag de stad ingaan. Een van de hoofdregels is: vermijd drukte. Dat betekent dat het dus veel verstandiger is om op zaterdagochtend naar de stad te gaan. En dan een beetje aan het begin van de ochtend", seit de boargemaster.

Nije lanlike maatregels?

It regear sil de kommende dagen de coronamaatregels evaluearje. Buma wit net oft dêr nije maatregels útkomme sille. "Het lastige is dat het eigenlijk dit weekend nog iets te vroeg is om te zien of de nieuwe maatregels werken. Dat zal je pas na het weekend zien", seit de boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.

"Ik kan niet voorspellen of het kabinet in het weekend al zegt er moet meer gebeuren. We moeten nu nog zien of er effect is van de laatste strenge maatregelen en dan kunnen we ook zien of er meer maatregelen moeten komen. Dat is nu nog te vroeg", sa seit Buma.

Boargemaster Buma oer de maatregels yn it sintrum fan Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)