Operaasje Fryske Flagge: Sake Jilderda hat in tattoo fan de Fryske flagge

22 okt 2020 - 17:48

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike prate wy mei Sake Jilderda, dy't wol in hiele moaie tatoeaazje hat.

Foto: Sake Jilderda

Sake Jilderda út Feanwâlden hat op syn 18e in tatoeaazje fan de Fryske flagge sette litten, en hat, no't er 31 is, noch altyd itselde gefoel by dy flagge: dat is thús. De tatoeaazje, dy't bestiet út de flagge en de earste twa wurden fan it folksliet, 'Frysk bloed', hat hy op syn boarst sette litten. "It grutsk wêzen op ús Fryslân, en ús skiednis, ik tocht dat moat ferivige wurde yn de foarm fan in Fryske flagge tattoo", sa seit er.

Pikefel

Dat thús gefoel krijt Sake eltse kear wannear't hy wer it boerd 'wolkom yn Fryslân' tsjinkomt: "It earste wat ik doch is it rútsje iepen, de snút nei bûten ta, en even de lucht ynazemje. It is gewoan thúskommen." Hy fertelt dat hy 'it goeie pikefel' derfan krijt.

Noch mear pompeblêden

Om't de tattoo op syn boarst stiet en dus net hiel goed sichtber is, krijt Sake mear reaksjes oer syn oare tattoos, wêrfan't guon ek pompeblêden hawwe. "Dan freegje se oft ik noch mear tattoos ha, dan komt 'Frysk bloed' altyd wol wer nei boppen ta."

Neffens Sake is it de Fryske skiednis, taal, mentaliteit, eins hast alles dat in Fries oars makket as oaren. "Faaks is alles wol in bytsje in grut begryp, mar wy ferskille wol yn in protte opsichten, fyn ik."

Sake Jilderda

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we op yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 170 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)