Sipke Jan Bousema bliid mei pleit paus foar partnerskip homostellen

22 okt 2020 - 17:30

De Fryske LHBTI-foarfjochter Sipke Jan Bousema is hiel bliid mei it pleit fan de paus foar registrearre partnerskip foar homostellen. De paus syn stânpunt kaam nei foaren yn de dokumintêre Francesco dy't woansdei yn premjêre gie.

Sipke Jan Bousema - Foto: ThomasVaer Fotografie

De paus seit dêryn dat homoseksuele stellen it rjocht hawwe om in húshâlding te foarmjen, dat se Gods bern binne en dat nimmen út in famylje set wurde meie soe.

In histoarysk momint foar de katolike tsjerke, dêr is Sipke Jan Bousema it mei iens. Mar wy binne der noch net, seit er: "Litte we stap foar stap dwaan, as we mar wol stappen nimme. Yn de kristlike wrâld wurdt it mear trochlibbe en ek útsprutsen dat elkenien derby heart. Dat is hiel moai dat de paus dat seit en ik hoopje dat it in ferfolch kriget. Want it giet úteinlik om ferbining en fersterking."

Harkje hjirûnder nei it folsleine petear mei Sipke Jan Bousema:

Sipke Jan Bousema yn Weistra op Wei

Fryslân DOK makke earder in dokumintêre oer de striid fan Sipke Jan Bousema om Fryslân as lêste provinsje fan Nederlân ta reinbôgeprovinsje te meitsjen. Sjoch hjir nei Sipke Jan Bousema, ús Rainbow Warrior.

Trefwurden: 
paus Sipke Jan Bousema LHBTI
(Advertinsje)
(Advertinsje)