Grypspuit helje yn in sporthal yn Appelskea: "Folle better sa"

22 okt 2020 - 16:51

De tennishal Racket & Health Centre fan Appelskea is tongersdei prikstrjitte. It fjild dêr't oars minsken stean te switten is no bedutsen mei plestik seil. Nei ûntwerp fan de frou fan húsdokter Bruins fan Appelskea is in parkoers útset. Sa moat it mooglik wêze 100 minsken coronaproof tagelyk binnen te hawwen. Oan it ein fan de dei moatte der tûzen prikken set wêze.

Griepprik

"Normaal doen we dit op één dag in de praktijk", seit húsdokter Jacob Bruins. "Dan is het daar druk en een klein beetje chaotisch. Maar ja, dat kan nu niet natuurlijk." Bruins stiet oan de râne fan de hal. Syn hiele famylje is der drok mei. De beide dochters ha in rol by de doar, syn frou makke it ûntwerp en Bruins sels stjoert oan en set ek sels in tal spuiten.

Fiif tafels stean klear en de kuolkast is folle mei in tûzen spuiten. "Het is lastig in te schatten hoeveel mensen er komen. We verwachten er duizend, gebasseerd op andere jaren."

Spuiten net mear yn foarried

In soad mear kin ek net. Lanlik sjoen binne der gjin grypspuiten mear oer. "Duizend is het maximale dat we konden bestellen. We hebben nog een nabestelling gedaan maar veel meer komt er niet bij. Nu is het voor ons ook afwachten."

In persoan krijt in grypprik - Foto: Omrop Fryslân

Al rom foar't de doar iepen giet stiet der al in frou te wachtsjen. Sy hat frege oft se earder komme koe om't se har berntsje ophelje moat. "Ik haal 'm ieder jaar. Ik heb nu ook niet getwijfeld", seit se. Bruins lit har net wachtsje en set fuort de spuit. De jas giet wer oan en se kin om har berntsje.

It setten fan de prik liket wol it sinjaal foar alle Appelskeasters om te kommen. Al rom foar it offisjele begjin om ien oere rint it al lekker troch yn de hal. Gemiddeld hoecht in persoan noch gjin twa minuten wachtsje. "Ideaal dit," seit in fitte santiger. "Dit is folle better regele as yn de praktyk. It rint moai troch sa. Hop, spuit der yn en fuort."

De prikstrjitte yn Appelskea - Foto: Omrop Fryslân

Guon komme foar it earst: "Ja, dit is de earste kear. It moast fan myn frou", seit in wat âldere man. "Dat kloppet. Ik woe 'm no wol helje want ja, corona hé."

It rint goed troch yn de hal, sjocht Bruins. Hy is wiis mei de lokaasje: "We hadden de hal zelf gehuurd. We zijn in overleg gegaan met de gemeente Ooststellingwerf en die willen graag helpen. Zij betalen nu de huur. Dat is echt fantastisch."

Mochten minsken de prik no misrûn wêze en al in oprop krigen ha, dan is der in twadde kâns seit Bruins: "We mogen van de gemeente in de tweede week van november prikken in de raadszaal. Dat is dan de laatste optie. Tussendoor in de praktijk doen we niet. Dat past nu niet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)