Steuring by GGD: problemen by ferstjoeren brieven jeugdsûnenssoarch

22 okt 2020 - 16:37

De GGD Fryslân hat in steuring yn it administraasjesysteem fan de jeugdsûnenssoarch. Dat systeem ferstjoert normaal de útnûgingsbrieven foar bygelyks faksinaasjes foar bern. Mar dêr binne no problemen mei. Dêrtroch krije âlden of jongeren meardere brieven, of allinne in brief mei in fragelist, mar gjin útnûging foar in ôfspraak. Of se krije in brief mei in ynlochkoade dy't net wurket.

Foto: Shutterstock.com

De GGD wurket oan in oplossing. Yn de tuskentiid wurdt minsken frege om letter nochris besykje yn te loggen, of om te beljen mei it klantekontaktsintrum fan de GGD.

Trefwurden: 
GGD steuring
(Advertinsje)
(Advertinsje)