Twa jier sel foar man dy't plysje delstuts yn Drachten; plysjeman yn terapy

22 okt 2020 - 16:18

De man dy't oan it begjin fan it jier mei in mes in plysje stutsen hat, is feroardiele ta in selstraf fan twa jier. It ynsidint wie yn in hûs yn Drachten. Fuortendaliks dêrnei hat in oare plysje de man delsketten. De plysjeman dy't stutsen waard, moast yn terapy om alles te ferwurkjen.

Bylden fan nei it ynsidint.

De plysjes kamen by de man (53) oan hûs neidat syn frou melding dien hie fan húslik geweld. Doe't se yn de wenkeamer kamen, lei de fertochte op de bank mei in mes op de kiel. Letter sei er dat er moed garre om himsels tekoart te dwaan.

De frou hie al tsjin de plysjes sein dat de man psychyske problemen hie. Om foar te kommen dat er himsels deadzje soe, hat de plysje him mei pepperspray bespuite. Dat hie in averjochts effekt: de man sprong op de plysjes ôf en stuts ien fan harren mei it mes yn it skouder. De oare plysje hat him delsketten doe't de man driigjend op him ôf kaam.

De man hat in persoanlikheidssteurnis. Dat wie de konklúzje fan twa psychiaters. Hy hat ek problemen mei drank en drugs. Op de jûn fan it ynsidint wie de man ûnder ynfloed fan speed en alkohol. De rjochtbank wol dat er sa gau mooglik behannele wurdt.

Justysje hie in selstraf easke fan fiif jier. De rjochtbank hat dêr trije jier fan makke, dêr't ien jier fan ûnder betingst is. Yn de proeftiid fan trije jier mei er gjin drugs of alkohol brûke, en moat er him behannelje litte foar syn ferslaving. Yn in brief oan de plysjes hat er syn ekskús oanbean.

Trefwurden: 
plysje Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)