Bou swimbad Bûtenpost yn folle gong: "Mei de krystdagen komme wy boppe de grûn út"

Is de flier foar it nije swimbad De Kûpe yn Bûtenpost wetterticht? Dat is dizze tongersdei de grutte fraach by de bouwers en oare belutsenen fan it bad.
Swimbad De Kupe
Op dit stuit is de bou fan it swimbad foar sa'n 25 persint klear, fertelt Syds Wiersma, de projektlieder fan Friso Bouw. "Yn juny en july binne we úteinset mei it grûnwurk. Dêrnei binne wy mei it betonwurk oan de slach gong. Oer sa'n twa wiken kin dan de daamwand derút."
Der is dus al moai wat wurk ferset, mar de ein is noch net yn sicht. "Wy teste no oft de betonwanden fan it swimbad wetterticht binne. Dan kinne wy dêrnei mei de opbou begjinne. Om de krystdagen hinne moatte wy dan boppe de grûn út komme", sa seit Wiersma.

Wetterticht

Dat testen fan de wettertichtens fan de betonbak is net fuortendaliks te sjen, omdat de wetterhichte net in soad seit. "It wetter ferdampt, en it reint der ek wer yn", fertelt Wiersma. De bûtenkant fan de betonbak jout wol oan oft der lekkerij is. As er drûch is, is it goed. "It is net hiel spannend. De hiele konstruksje is derop betocht. 30 sintimeter beton is wol wetterticht."
Sa leit it bad der no by © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
It testen op lekkerij duorret sa'n twa wiken. Hiel spannend is it dus net. Wêr't wol in soad omtinken nei út giet, binne de oanslutingen en it tegelwurk. "It tegelwurk is it leukst om te dwaan. Dêr binne wy in hiel skoft mei dwaande. Der komt in soad by te sjen", seit Wiersma.
Syds Wiersma fan Friso Bouw
Ympresje fan it nije swimbad © Gemeente Achtkarspelenswimbad bûtenpost de kûpe
Jouke Spoelstra is wethâlder en foarsitter fan it stichtingbestjoer fan it swimbad. Hy seit dat de gemeente Achtkarspelen yn it swimbad ynvestearre hat om trije redenen: "Wy binne echt in sportgemeente. Wetterpolo wurdt hieltyd grutter en wy wolle de jongerein en âlderein dy opsje ek jaan. It lesswimmen is ek tige wichtich. Fan 't simmer seagen wy wer allegearre ûngelokken yn de see. Dêrneist nimt it doelgroepswimmen ek hieltyd mear ta. Dan kinne je tinke oan oanpast sporten, mar ek reumapasjinten dy't der gebrûk fan meitsje kinne."

Fan swimbad nei plein

It plak dêr't no it âlde swimbad stiet, binne al plannen foar. "Oant it nije swimbad iepen kin, kinne wy gebrûk meitsje fan it âlde gebou. Dêrnei krijt it gebiet in soart fan pleinfunksje. Minsken kinne dêr parkearje foar de sporthal en foar it swimbad. Der wurdt hjir ek alle jierren in merke holden. Dy kin dan ek op it plein plakhawwe. En wy wolle de omjouwing feiliger meitsje foar it fyts- en autoferkear."
Wannear't alles neffens planning giet, kin it nije, enerzjyneutrale swimbad yn septimber 2021 iepene wurde.
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei wethâlder Jouke Spoelstra