Sander Arends ienfâldich nei heale finale ATP-toernoai Antwerpen

22 okt 2020 - 15:07

Tennisser Sander Arends hat tongersdeitemiddei de heale finale helle fan it ATP toernoai fan Antwerpen. De Ljouwerter wie, tegearre mei syn dûbeldmaat Pablo Andujar út Spanje, mei 6-4 en 6-1 te sterk foar de Belgen Michael Geerts en Yannick Mertens.

Foto: Orange Pictures

Arends en Andujar wiene op foarhân favoryt tsjin beide Belgen en makken dat hielendal wier. Yn it begjin fan it duel yn Antwerpen gie it oant 4-4 noch gelyk op. Dêrnei pakten Arends en syn Spaanske maat mei in break de winst yn de set.

De twadde set wie de tsjinstân fan Geerts en Mertens minimaal. Binnen in pear minuten stie it al 3-0 en dat ferskil waard allinnich mar grutter. Earder dizze wike wûnen Arends en Andujar al fan it as tredde pleatste duo Rojer/Martin. De tsjinstanners yn de heale finale binne de Australiër John Peers en Michael Venus út Nij-Seelân. Sy binne yn Antwerpen as twadde pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)