Wer fragen oer plannen soarchynstelling Moskoupleats Ketlik

De FNP yn de gemeente Hearrenfean wol witte wat de gemeenteried dwaan kin oan de oanfraach fan de plannen fan in soarchynstelling foar de komst nei Ketlik. Dy soe yn de Moskoupleats soarch oanbiede wolle. De fraksje hat praat mei Ketlikers dy't soargen hawwe oer hoe't it komt.
© Google Streetview
De omwenners binne net goed ynformearre oer de plannen foar de Moskoupleats, neffens de FNP. It soe gean om lichte soarch, mar no docht bliken dat it om swierdere soarch giet. Ek de ynformaasje oer de deibesteging blykt net te dogen. Der soe in organisaasje benadere wêze foar de deibesteging, mar by neifraach fan de bewenners wit dy organisaasje nearne fan.
Fierders soene der 24 apparteminten komme. De FNP wol witte oft dat ek gefolgen hat foar it wenningkontingent yn de gemeente.
Yn Ketlik is al langere tiid ûnrêst oer de mooglike komst fan in soarchynstelling yn it doarp. Yn maart sprutsen de fraksjes fan PvdA, CDA en Gemeentebelangen Hearrenfean ek al harren soargen út.