Noch gjin Kallon by Cambuur foar duel om perioadetitel

22 okt 2020 - 14:27

It liket derop dat SC Cambuur gjin skea oerhâldt oan it duel fan ôfrûne tiisdei tsjin NAC Breda. Yn dat duel foelen fjouwer spilers út mei lytse blessueres. Erik Schouten, Calvin Mac-Intosch en Robert Mühren kinne freed tsjin Roda JC gewoan wer spylje. Allinne Michael Breij is noch in twivelgefal. Issa Kallon hope tsjin Roda ek wer oan te sluten, mar foar him komt de wedstriid noch te betiid.

Trainer Henk de Jong

Henk de Jong is bliid dat der gjin langere blessueres ûntstien binne yn dy wedstriid tsjin NAC. Neffens de trainer hat de gersmatte fan NAC te krijen mei dat der spilers útfallen. "It wie hurd gers en om't we altyd op keunstgers spylje en traine, hast dan wat lêst. Mar, we ha in prachtige ploech freed."

Perioadetitel

SC Cambuur kin freed de earste perioade winne. It is dêrfoar wol ôfhinklik fan oare ploegen. Yn teory soe De Graafschap him ek winne kinne, mar sjoen dat it doelsaldo fan de Ljouwerters folle better is, liket dy kâns tige lyts. NAC is in gruttere bedriging. As de Bredanaren freed winne fan Almere City en heal novimber it ynhelduel mei De Graafschap winne, is de earste perioade foar harren.

De Jong seit dat it 'prachtich' wêze soe foar Cambuur as it de earste perioade wint. "Mar we binne wol ôfhinklik fan in oar. NAC stiet der it bêste foar. As se twa kear winne, hawwe se him. As NAC ien kear punten lizze lit en wy soene winne, dan hast him ek."

It soe finansjeel ek in moaie ynstruier wêze kinne foar de Ljouwerters, want oan it winnen fan de earste perioade sit in bedrach fan sa'n 60.000 euro fêst. De Jong: "It is foarútrinne op saken, mar ik soe it wol moai fine foar ús direksje. In ronde coronatesten kostet 2500 euro, rekkenje dat ris oer in hiel seizoen. It soe foar de klup geweldich wêze."

Assistint-trainer Sandor van der Heide ûntbrekt de lêste tiid by Cambuur. Dêrtroch skoot Martijn Barto by op de bank. Neffens De Jong is syn Snitser assistint net fit. "Hy hat it drok hân. It ferlies fan syn grutte freon Chris de Wagt hat er eins net iens ferwurke. Dêr is syn holle wurch fan. Dus hy moat no efkes ta rêst komme. It komt hartstikke goed, mar hy moat efkes op 'e rem."

Maulun: "Foar my frustrearjend"

De goeie prestaasjes fan SC Cambuur de lêste wiken hawwe Robin Maulun syn basisplak koste. Hy spile altyd, mar rekke blessearre en syn ferfanger Mitchel Paulissen die it sa goed, dat De Jong him stean litten hat. De Frânske middenfjilder baalt dêrfan, mar kin it wol begripe. "De ploech docht it goed, dus it is foar de trainer dreech om te wikseljen. It is foar my wol frustrearjend. Ik bin goed oan it seizoen begûn, mar it is de kar fan de trainer."

Robin Maulun

Neffens De Jong hoecht Maulun him gjin soargen te meitsjen: "Robin komt der aansten wol wer yn, want it is in hiele goeie fuotballer. Mar Mitchel Paulissen docht it fantastysk." Maulun hat each foar syn ploechgenoaten. Sa wie er ûnder de yndruk fan de lêste wedstriden, benammen dy tsjin NAC. "Dat wie hartstikke goed. As der oare spilers ynkomme, bliuwt it goed. Dat wie in hiele goeie teamprestaasje."

Kontraktferlinging foar Frânsen

De Frânsman hat de lêste wiken, tegearre mei syn lânsman David Sambissa, om tafel sitten mei de klup. Harren kontrakt rint nei dit seizoen ôf en technysk manager Foeke Booy wol se graach ferlinge. Maulun stiet dêr ek foar iepen: "Cambuur wol prate oer kontraktferlinging. Op it stuit binne it allinne noch petearen. Ik stean der posityf yn."

Foto: Orange Pictures

De wedstriid tusken SC Cambuur en Roda JC begjint freedtejûn om njoggen oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar by dy wedstriid. Sneon is der yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting te sjen fan dy wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)