Ofrûne wike goed hûndert coronabesmettings minder as in wike earder

22 okt 2020 - 14:26

De ôfrûne wike binne der yn totaal 1.051 Friezen posityf test op it firus. Dat binne der goed hûndert minder as in wike earder, doe wiene it 1.158. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM.

Besmettingen yn Fryslân de ôfrûne trije wiken:

Yn de ôrûne 24 oeren binne der 132 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, dat binne der seis minder as woansdei. De measte besmettingen wiene yn Ljouwert (25) en Súdwest-Fryslân (23). Dêrnei komme De Fryske Marren (17), Eaststellingwerf (11) en Waadhoeke (10).

Der binne it ôfrûne etmiel gjin nije stjergefallen meld yn Fryslân. Der binne wol twa Friezen opnaam yn it sikehûs: in ynwenner fan Ljouwert en ien fan Waadhoeke.

Lanlik wol mear

Lanlik binne der tongersdei foar it earst mear as 9.000 coronabesmettingen meld yn 24 oeren tiid. It binne der 9.283.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierpagina.

Trefwurden: 
GGD Fryslân coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)