Opskuor oer dielname rapper Akwasi oan online miny-edysje Oerol

22 okt 2020 - 12:48

De ekstra miny-Oerol kommend wykein soarget foar kommoasje op sosjale media. Fjouwer artysten hawwe in programmarûte gearstald dy't besikers online folgje kinne. Ien fan dy artysten is rapper Akwasi dy't earder yn opspraak kaam fanwege haatlike útspraken en tweets tsjin swarte pyt.

Foar syn útspraken op de grutte Black Lives Matter-demonstraasje yn juny yn Amsterdam hat Akwasi syn eksuzes oanbean. Justysje sil him dêrom net mear ferfolgje. Dochs ûntstiet der no in soad opkuor op sosjale media oer dat Oerol him frege hat om mei te wurkjen oan it programma.

Direkteur Siart Smit fan Oerol: "Hij heeft deze zomer iets gezegd wat niet verstandig was. We zijn absoluut tegen haat zaaien. Maar hij heeft daar sorry voor gezegd. Dan moet je ook bereid zijn om naar zijn verhaal te luisteren wat erachter zit."

Harkje hjirûnder nei de folsleine petearen mei direkteur Siart Smit en programmeur Farnoosh Farnia fan Oerol:

Direkteur Siart Smit fan Oerol oer Akwasi

Farnoosh Farnia, programmeur fan it Oerolwykein

Trefwurden: 
Skylge Oerol Akwasi
(Advertinsje)
(Advertinsje)