Plein yn Sleat wurdt oanpakt om fontein better plak te jaan

Ferskate plakken yn it sintrum fan Sleat wurde fernijd. Sa kriget it Van der Walplein in nije ynrjochting, sadat it better past by de fontein dy't dêr yn it Kulturele-Haadstêdjier 2018 kommen is. Mei de werynrjochting moat de fontein in plak krije dat by it keunstwurk heart.
De 'Kievitfontein' op it Van der Walplein © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Der wurdt mear dien yn Sleat: it oarspronklike jaachpaad wurdt opknapt. Der komt in oanlissteger foar sloepen en lytse boatsjes en der komt in reinwetterrioel.

Jaachpaad

De gemeente wol in oanlissteger by de Rûnwei meitsje, om't neffens harren de hege kaden yn it sintrum derfoar soargje dat besikers net oan wâl komme. By de Rûnwei wurdt ek it histoaryske jaachpaad opknapt, dat eartiids brûkt waard om skippen te lûken. Sa kinne minsken aanst oanlizze by de steger, en dan oer it jaachpaad en de Wâldseinerpoarte yn it sintrum komme.