Alwer fytser oanriden op oerstekplak by stasjon Ljouwert; LIJST058 stelt fragen

22 okt 2020 - 12:44

Op it fytsoerstekplak op it Stasjonsplein yn Ljouwert is tongersdeitemoarn in fytser ferwûne rekke by oanriding mei in auto. De persoan rekke ferwûne en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Foto: AS Media

Wat krekt de oarsaak fan it ûngelok is, is noch ûndúdlik. Fytsers hawwe foarrang by de oerstek, mar it is dêr faak drok.

De sjochline fan automobilisten dy't fan it stasjon rjochting easten ride en dan fytsers op it oerstekplak foargean litte moatte, is net optimaal. De fytsers komme skean fan achteren. Op it plak barre wol gauris ûngelokken of it giet krekt goed.

Politike fragen

De fraksje fan LIJST058 wol de ferkearssituaasje by it stasjon ynkoarten mei wethâlder Friso Douwstra beprate, seit fraksjefoarsitter Otto van der Galiën. Dat soe yn de maitiid al, mar doe gong it net troch fanwege it coronafirus. Noch langer wachtsje kin lykwols net, neffens de partij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)