Noardlike sikehûzen skale reguliere soarch fierder ôf

De reguliere soarch yn de Fryske sikehûzen wurdt fierder ôfskaald. Sa'n 30 prosint fan de plande soarch giet dan net mear troch. Dat is nedich omdat it tal opnamen fan besmette coronapasjinten oprinnen bliuwt. De kapasiteit foar dy pasjinten moat omheech en dêrtroch kinne de sikehûzen minder reguliere soarch ferliene.
Noardlike sikehûzen skale reguliere soarch fierder ôf
De ôfrûne perioade is de reguliere soarch yn hiel Nederlân, dus ek yn de noardlike sikehûzen, al mei sa'n 20 prosint ôfskaald. Fiedere ôfskaling is nedich, seit it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland (AZNN). It hat gefolgen foar de pasjinten dy't net nei it sikehûs hoege foar corona, bygelyks plande soarch dy't tydlik útsteld wurde kin.
Der wurdt nei alle trije noardlike provinsjes sjoen foar de ôfskaling, seit Hennie Hoogeveen fan AZNN: "We moeten kijken naar de mogelijkheden en die liggen in Fryslân wat hoger dan in Drenthe. Hier kunnen we bijvoorbeeld knie- of heupoperaties uitstellen. We zijn nog wel in de positie om te kijken welke zorg echt door moet gaan en welke wel 'eventjes' kan wachten."

Mear opnamen

De druk op de noardlike sikehûzen bliuwt tanimmen. De sikehûzen nimme noch alle dagen pasjinten oer út oare parten fan it lân. De kapasiteit foar de eigen regio is noch foldwaande.
Neffens de lêste sifers lizze der 17 coronapasjinten op de intensive cares fan de Fryske sikehûzen. Op de ferpleechôfdielingen lizze nochris 45 pasjinten.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries