Moarns fergees yn parkearkelder ûnder Willegenplein It Hearrenfean

22 okt 2020 - 11:10

Automobilisten kinne de kommende moannen yn de moarntiden fergees parkearje yn de parkeargaraazje ûnder it Geerts Willigenplein op It Hearrenfean. De gemeente wol dêrmei de parkearkelder better bekend meitsje en de druk op oare plakken ferminderje.

Yngong parkeargaraazje op de Geerts Willigenplein - Foto: Google Streetview

Op strjitte is it faak drok mei parkearde auto's. Yn it sintrum is in diel fan de beskikbere parkearplakken op strjitte ferdwûn troch nije ûntwikkelingen. Yn de parkearkelder is noch genôch romte.

Wethâlder Ket somt de foardielen op: tichtby it sintrum, skjin en drûch stean en no ek makliker yn- en útriden mei kentekenherkenning. De gemeente wol sjen oft de tydlike maatregel wurket. Begjin takom jier wurdt der evaluearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)