PAL GrienLinks pleitet foar bettere beskerming grien erfgoed Ljouwert

22 okt 2020 - 10:30

Ljouwert moat it griene erfgoed better beskermje. Dat fynt PAL GrienLinks yn de stêd. Ferline wike waard de oanlis fan in parkearterrein by in gebou op de hoeke fan de Sophialeane-Willemskade stillein, omdat dêr gjin fergunning foar wie. Aksjegroep de Bomenridders hie protestearre tsjin de oanlis.

Foto: Omrop Fryslân, Sybrand Grasdijk

Op it terrein stean twa monumintale reade bûkebeammen fan hast 150 jier âld. In parkearterrein op dat plak soe net goed wêze foar de beammen, neffens de partij.

Monumintale beammen binne wichtich foar it wolwêzen fan bewenners en it ferkaat yn de natuer, skriuwt de partij. Dat wurdt inkeld noch mar wichtiger mei de gefolgen fan de klimaatferoaring, lykas wetteroerlêst. De partij hat oan B en W fragen steld oer de mooglikheden dizze beammen en oare beammen better te beskermjen. Boppegrûnsk en ûndergrûnsk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)