Unike kleurebylden opdûkt fan foar de oarloch út Snits

22 okt 2020 - 09:03

It Fries Scheepvaart Museum yn Snits hat in bysûndere kleurefilm presintearre mei bylden út 1939. Dêryn binne frijwilligers fan de Luchtwachtdienst te sjen. Yn de film binne ek, foar safier bekend, de iennige bylden te sjen fan fersetsman Hendrik Lever út Snits. Hy waard fjouwer jier letter oppakt by in razzia en waard letter ombrocht yn in konsintraasjekamp.

De bysûndere bylden út 1939:

De Luchtwachtdienst wie in provinsjale tsijnst dy't bestiet út frijwilligers dy't it loftrom yn de gaten hâlde, sadat fijanlike fleantugen net samar Nederlân yn komme koene. De frijwilligers yn de film hâlde in oefening by de útsjochpost op it dak fan it Snitser abattoir oan de Oude Oppenhuizerweg. De sfear op de bylden is frij luchtich en smûk.

Grutte histoaryske wearde

De bylden ha in grutte histoaryske wearde. Earst omdat it in amateurfilm yn kleur is. Yn dy tiid wiene der mar in pear minsken dy't kleurefilms betelje koene, dus der binne net in soad fan sokke opnamen. Boppedat jout de film in blik efter de skermen by de Luchtwachtdienst.

Unike kleurebylden fan Snits

Fersetsman Hendrik Lever is ek yn de bylden te sjen, hy wie ien fan de frijwilligers fan de tsjinst. Mei syn soannen foarme er yn de Twadde Wrâldoarloch de fersetsgroep Lever oan it Kleinzand 18 yn Snits. Dat pân is no in part fan it gebou fan it skipfeartmuseum.

De Dútsers pakten Lever, syn dochter Meta en it Joadske famke Rozet IJzerman, dy't ûnderdûkte, op by in razzia. Oare ûnderdûkers en de soannen koene ûntkomme. Meta Lever kaam frij, mar heit Hendrik en Rozet IJzerman kamen om yn in konsintraasjekamp. Meta hat har heit op de bylden werkend.

Bylden fan drukkerij

It museum hat de bylden tydlik krigen fan de soan fan Koos Flach. Flach en Gerrit Krommendijk hiene elk in drukkerij yn Snits. Krommendijk makke de film, wêryn't Flach sels ek te sjen is. De bylden dûkten op doe't it museum materiaal sammele foar in eksposysje oer de befrijding fan Snits. Dy tentoanstelling koe net trochgean, mar de bylden binne woansdei wol presintearre oan leden fan it museum.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar seach mei museumdirekteur Meindert Seffinga nei de bylden

(Advertinsje)
(Advertinsje)