UPDATE: 44-jierrige man út Beetstersweach om it libben kaam by ûngelok op N31
By in ûngelok op de N31 by Ljouwert is tongersdei in 44-jierrige man út Beetstersweach om it libben kaam. De auto wie yn de sleat bedarre. De brânwacht hat noch yn de sleat socht nei mear slachtoffers, mar dy wiene der net.
It ferkear stie lange tiid fêst nei de ôfslach Ljouwert-Súd yn noardlike rjochting. De rjochterrydstripe wie ticht. Yntusken is de dyk wer frij.
De plysje docht noch ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.