Kollum: "Harns"

22 okt 2020 - 08:17

"Ja ik wol my nearne mei bemuoie, mar wat is der oan 'e hân mei Harns? Harns stiet op nûmer ien fan in list mei meast kânsearme gemeenten fan it lân, sa die bliken út in ûndersyk fan De Volkskrant fan tsien dagen lyn. It gemiddelde ynkommen fan in Harnzer is 22.000 euro.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

Juster sei de wethâlder foar Wurk, Ynkommen en Minimabeliid fan Harns dat 'r troch it Fryske Sosjaal Planburo útsykje lit hoe dat komt. De útkomst dêrfan lit 'm aardich foarspelle; Harns hat nea in kar makke oer wat foar stêd it wêze wol en hat dêrtroch gjin gesicht krigen; it is in trochfierplak en gjin ferbliuwplak.

En dat is spitich. Want Harns is prachtich. It is ien fan de âldste plakken fan Fryslân, en krige earder stedsrjochten as bygelyks Ljouwert en Amsterdam. De âlde binnenstêd is noch altyd skitterjend, mei huzen dy't tinken dogge oan de rike âlde tiid. Kinst wol sprekke fan 'grachtengordels'. De haven is noch altyd prominint, as thús fan de brune float.

Mar Harns wurd dominearre troch yndustry, troch de logistyk fan de waadeilannen en der rint in ferhoalene sneldyk dwers troch de stêd. Hars is sa'n bytsje de iennige stêd yn it lân sûnder rûnwei. In pear jier lyn is de wei feroare, en de nije N31 koe net om de stêd hinne lein wurde troch it natuergebiet 'het Hegewiersterfjild'. Dat is fan Natuurmonumenten en is neffens harren in wichtich briedgebiet foar waad- en greidefûgels. Ik wol dêr neat oan ôf dwaan, mar foar Harns is dit ien fan de grutste rampen yn 'e histoarje fan 'e stêd. En miskien foar it natuergebiet ek wol, want dat hie ek tsjin de seedyk oan lizze kinnen, dêr't no dy autodyk noch altyd leit, mar hawar, wat wit ik.

Dizze fernijing hat 146 miljoen euro koste, en no ride we trije meter leger troch Harns. Ik wit noch de earste kear dat ik dertrochhinne ried, fol fernuvering oer dit ynfrastrukturele wangedrocht. Dy 146 miljoen euro wie net allegearre jild fan de gemeente, mar dield troch it tal ynwenners fan Harns is dat in bedrach fan tsientûzen euro per persoan. In heal jierynkommen dus. Hast trije kear safolle as de Noordzuidlijn de Amsterdammer kostet hat. En it is gjin tunnel. It is in groppe. Earm Harns. Hiene se mar in rûnwei krigen.

En dan ha ik noch wol wat ynfrastrukturele foarstellen. Soe it net in idee wêze om dy boaten nei Flylân en Skylge fan in oar plak ôfreizgje te litten. Moatst ris sjen hoefolle auto's oft harren troch de stêd wjirmje fan en nei dy haven. Stel no dat der ris wat moaie hotels dêr oan de waadkant fan de stêd stean soene, dêr't je jûns de sinne yn 'e see sakjen sjen kinne. Sûnder de herry en it gestjonk fan al dy auto's yn 'e stêd. Dat soe der al hiel oars út sjen. En ta beslút, dy yndustryhaven kin ek wol wat nei it noarden opskowe. Wêrom moatte al dy stjonkboaten troch it havengat by de âlde binnenstêd?

Ja, ik snap it wol, it is in havenstêd, en in protte minsken fertsjinje dat bytsje jild dat se fertsjinje yn de haven. It moat ek net fuort, mar der mei wol wat romte makke wurde foar dat dêr't alle âlde havenstêden harren jild mei fertsjinje tsjintwurdich: toerisme. De Harnzer hellet dêr de noas echt net foar op, want dêr fertsjinje se no harren jild ek al mei, allinnich giet dat oer it oersetten fan toeristen, yn plak fan se yn 'e stêd hâlde.

De earder neamde wethâlder is sels eigener fan in kroech oan ien fan 'e havens, dus dy wol wol. It kostet net folle muoite om Harns te fergelykjen mei West-Skylge, want it is in waadstêd, sterker noch: it is mei Delfsyl de iennige waadstêd dy't we yn Nederlân hawwe. It is fan út Amsterdam mar tsien kilometer fierder as De Lemmer, en net dat je dêr nei stribje moatte, mar de gemiddelde WOZ is dêr in kwart heger.

Dus hjir myn sosjaal bemoeiplan: goai dy N31-groppe mar wer ticht. Mislearre. Pynlik, mar helaas. Doeksen in pear havens fierder. Hast dochs neat oan minsken dy't nei Skylge en Flylân gean, dy wolle allinnich mar sa gau mooglik fan harren auto nei de boat. En dat sâltfabryk, ja, no ja, binne jimme dêr no echt sa wiis mei?

Meitsje in kar, Harns. Ynvestearje yn dy prachtige âlde binnenstêd, meitsje moaie fytsrûten troch de greiden en lâns it waad, en silst sjen dat der genôch minsken binne dy't de oerfolle waadeilannen lizze litte foar de ouwe seunen."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)