Ald-papier smyt neat mear op, mar Oud Papier Aktie Sneek hat oplossing

22 okt 2020 - 08:05

Gemeente Súdwest-Fryslân hâldt de kommende jierren stadichoan op mei subsydzje foar âld-papier. De priis foar papier nimt sa hurd ôf, dat it hast net mear út kin. Stichting Oud Papier Aktie Sneek seach de bui al in skoft hingjen en stapt dêrom oer op in nij fertsjinmodel.

Foto: papierbak papier balk

De frijwilligers fan stichting Oud Papier Aktie Sneek (OPA) sammelje elts jier wol goed 700 ton âld papier yn. De opbringst is net foar harren sels, mar giet nei it goeie doel: ûnder oare de Voedselbank, Stichting de Herberg en ferskate soarchynstellingen.

De papierpriis kelderet

Al sûnt 1974 helje frijwilligers fan de stichting âld-papier op yn Snits. Mar âld-papier smyt de lêste tiid hieltyd minder op. Dêr't in ton papier yn it ferline noch wolris 150 euro opsmiet, is de priis al keldere ta sa'n 20 euro de ton. En dat wurdt noch altyd minder. Ek foar stichting OPA kin it dus net mear út om âld-papier op te heljen.

"It bestjoer hie al sjoen dat der wat gebeure moast", seit Peter Lichthart fan de stichting. "Dêr binne we yn maart al mei begûn." Troch it firus hat de ynsammelservice in tal moannen stillein, mar yn dy tiid hat de stichting wol neitinke kind oer in nije wurkwize.

Bedriuwen 'ûntsoargje'

Oant dit jier ta helle de stichting it âld-papier fergees op by bygelyks bedriuwen en fabriken. Dêrnei betelle Omrin de stichting foar it oantal kilo papier. Mar sûnt koart hat OPA in abonnemintemodel opset. Bedriuwen moatte tenei dus betelje foar it ophelje litten fan it âld-papier.

Dat wolle de bedriuwen wol, want dêrmei wurde sy 'ûntsoarge'. Lichthart: "Klanten sizze tsjin ús dat se hiel bliid binne dat wy wer delkomme, dat rekket my. Oars moasten se in bus hiere om it papier ôf te fieren."

In soad besteande klanten hawwe al in abonnemint ôfsletten. Hoefolle't se betelje moatte, hinget ôf fan hoe faak OPA delkomme moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)