Coronanijs fan 22 oktober: 132 nije besmettingen yn Fryslân, Lyndensteyn wike ticht

22 okt 2020 - 22:49
  • Tongersdei binne der 132 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, gjin nije stjergefallen;
  • Neffens de lêste sifers lizze der 17 coronapasjinten op de Fryske ic's en 45 op de ferpleechôfdielingen;
  • By de seefeartskoalle fan Skylge is in coronabesmetting konstatearre, ien ferdjipping fan de kampus sit yn karantêne;
  • School Lyndensteyn yn Beetstersweach giet in wike ticht fanwegen in besmetting by in personielslid;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
22:44
Ein fan dit liveblog

Hjirmei binne wy oan de ein kaam fan dit liveblog. Tank foar it folgjen, moarnier wurdt der wer in nij liveblog iepene, mei it lêste nijs oer de coronakrisis.

20:33
VSO Lyndensteyn ticht om besmetting

School Lyndensteyn yn Beetstersweach giet in wike ticht. Op de skoalle foar spesjaal ûnderwiis is in meiwurker posityf test op corona. Om't it personielslid troch de hiele skoalle oan it wurk west hat, hat de lieding besletten om de doarren te sluten.

19:51
Frits Mostert oer de ôfskaling fan de soarch

De reguliere soarch yn de Fryske sikehuzen wurdt fierder ôfskaald. Sa'n 30 prosint fan de plande soarch giet dan net mear troch. Dat is nedich omdat it tal opnamen fan besmette coronapasjinten oprinnen bliuwt. De kapasiteit foar dy pasjinten moat omheech en dêrtroch kinne de sikehuzen minder reguliere soarch ferliene.

Frits Mostert fan it MCL yn Ljouwert oer de ôfskaling:

Frits Mostert

18:34
Boargemaster Buma ropt op: "Vermijd drukte, niet allemaal op zaterdagmiddag de stad in"

Boargemaster Buma fan Ljouwert ropt minsken op de kommende tiid sa folle as mooglik drokte te mijen. Hy seit dat it bygelyks ferstanniger is om op sneontemoarn betiid nei de stêd te gean, om sa de drokte oer de dei te sprieden. Ofrûne wykein wie it drok yn de binnenstêd fan Ljouwert. De gemeente sil dêrom ekstra maatregels nimme.

Buma oer de maatregels yn it sintrum fan Ljouwert

18:09
Coronabesmetting by seefeartskoalle op Skylge: ien ferdjipping fan kampus yn karantêne

Alle reguliere lessen fan earste- en twaddejiersstudinten op de seefearskoalle fan Skylge komme oant nei it wykein te ferfallen. Se wurde digitaal jûn, omdat der sprake is fan in coronabesmetting.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De earste- en twaddejiersstudinten wenje mei mekoar op in kampus. Fanwege de besmetting is dêr ien ferdjipping yn karantêne pleatst. Yn totaal giet it om tolve studinten dy't yn karantêne sitte, meldt in wurdfierder fan de skoalle.

16:58
Earste soarchboanussen útbetelle

It ministearje fan Volksgezondheid (VWS) hat de earste soarchboanussen betelle oan soarch-ynstellingen, makke it ministearje tongersdeitemiddei bekend.

De soarchboanus fan 1000 euro netto de meiwurker is yn in wike tiid oan goed hûndert soarchynstellingen oermakke. De boanus waard yn juny troch it kabinet tasein as wurdearring oan alle meiwurkers yn de soarch dy't in bysûndere prestaasje levere hawwe yn de earste coronagolf.

Yn septimber folge fan VWS in list fan groepen soarchmeiwurkers dy't yn oanmerking kamen. Ynstellingen hawwe noch oant 29 oktober de tiid harren oanfraach foar de boanus yn te tsjinjen.

15:36
Kuipers: ûntwikkeling sikehûsopnamen is soarchlik

De ûntwikkeling fan it tal coronabesmettingen en sikehûsopnamen is soarchlik. Dat seit Ernst Kuipers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiëntenspreiding. Hy tinkt dat it tal opnamen yn elk gefal oant it ein fan dizze moanne tanimme sil. "Het is een tsunami, waarbij de eerste golf minder hoog lijkt, maar het water dat daarna volgt des te sterker is."

Der lizze no 2003 coronapasjinten yn Nederlânske sikehuzen, wêrfan 463 pasjinten op de intensive care.

14:15
132 nije besmettingen

Yn de ôrûne 24 oeren binne der 132 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân, dat binne der seis minder as juster. De measte besmettingen wiene yn Ljouwert (25) en Súdwest-Fryslân (23). Dêrnei komme De Fryske Marren (17), Eaststellingwerf (11) en Waadhoeke (10).

Der binne it ôfrûne etmiel gjin nije stjergefallen meld yn Fryslân. Der binne wol twa Friezen opnaam yn it sikehûs: in ynwenner fan Ljouwert en ien fan Waadhoeke.

Minder as ferline wike

De ôfrûne wike binne der yn totaal 1.051 Friezen posityf test op it firus. Dat binne der goed hûndert minder as in wike earder, doe wiene it 1.158.

Lanlik binne der foar it earst mear as 9.000 coronabesmettingen meld yn 24 oeren tiid. It binne der 9.283.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierpagina.

14:11
Mear as 2000 pasjinten yn sikehûs

Der lizze no 2003 coronapasjinten yn Nederlânske sikehûzen. Dat binne der 60 mear as juster. Fan de pasjinten lizze der 463 op de intensive care, dat binne der trettjin mear as woansdei.

De ôfrûne dei binne der 33 minsken mei corona oerpleatst nei in oar sikehûs. Freed geane de earste Nederlânske pasjinten wer nei Dútske sikehûzen.

13:53
Maatregels yn Ljouwert
Drokte yn it sintrum fan Ljouwert ôfrûne wykein - Foto: Kappers Media

Omdat it de ôfrûne wykeinen drok wie yn de sintrum fan Ljouwert, nimt de gemeente ekstra maatregels. De Wurdumerdyk en de Nieuwestad wurde op sneontemiddei tenei in gebiet foar kuierders, auto's en fytsen meie der dan net mear komme.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)