Liveblog | 22 oktober 2020

Coronanijs fan 22 oktober: 132 nije besmettingen yn Fryslân, Lyndensteyn wike ticht

Yn dit liveblog kinst it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân folgje.
Lêst bywurke: 22 oktober 2020, 22:49
22:44

Ein fan dit liveblog

Hjirmei binne wy oan de ein kaam fan dit liveblog. Tank foar it folgjen, moarnier wurdt der wer in nij liveblog iepene, mei it lêste nijs oer de coronakrisis.
20:33

VSO Lyndensteyn ticht om besmetting

School Lyndensteyn yn Beetstersweach giet in wike ticht. Op de skoalle foar spesjaal ûnderwiis is in meiwurker posityf test op corona. Om't it personielslid troch de hiele skoalle oan it wurk west hat, hat de lieding besletten om de doarren te sluten.
19:51

Frits Mostert oer de ôfskaling fan de soarch

De reguliere soarch yn de Fryske sikehuzen wurdt fierder ôfskaald. Sa'n 30 prosint fan de plande soarch giet dan net mear troch. Dat is nedich omdat it tal opnamen fan besmette coronapasjinten oprinnen bliuwt. De kapasiteit foar dy pasjinten moat omheech en dêrtroch kinne de sikehuzen minder reguliere soarch ferliene.
Frits Mostert fan it MCL yn Ljouwert oer de ôfskaling:
Frits Mostert
18:34

Boargemaster Buma ropt op: "Vermijd drukte, niet allemaal op zaterdagmiddag de stad in"

Boargemaster Buma fan Ljouwert ropt minsken op de kommende tiid sa folle as mooglik drokte te mijen. Hy seit dat it bygelyks ferstanniger is om op sneontemoarn betiid nei de stêd te gean, om sa de drokte oer de dei te sprieden. Ofrûne wykein wie it drok yn de binnenstêd fan Ljouwert. De gemeente sil dêrom ekstra maatregels nimme.
Buma oer de maatregels yn it sintrum fan Ljouwert
18:09

Coronabesmetting by seefeartskoalle op Skylge: ien ferdjipping fan kampus yn karantêne

Alle reguliere lessen fan earste- en twaddejiersstudinten op de seefearskoalle fan Skylge komme oant nei it wykein te ferfallen. Se wurde digitaal jûn, omdat der sprake is fan in coronabesmetting.
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
De earste- en twaddejiersstudinten wenje mei mekoar op in kampus. Fanwege de besmetting is dêr ien ferdjipping yn karantêne pleatst. Yn totaal giet it om tolve studinten dy't yn karantêne sitte, meldt in wurdfierder fan de skoalle.
16:58

Earste soarchboanussen útbetelle

It ministearje fan Volksgezondheid (VWS) hat de earste soarchboanussen betelle oan soarch-ynstellingen, makke it ministearje tongersdeitemiddei bekend.
De soarchboanus fan 1000 euro netto de meiwurker is yn in wike tiid oan goed hûndert soarchynstellingen oermakke. De boanus waard yn juny troch it kabinet tasein as wurdearring oan alle meiwurkers yn de soarch dy't in bysûndere prestaasje levere hawwe yn de earste coronagolf.
Yn septimber folge fan VWS in list fan groepen soarchmeiwurkers dy't yn oanmerking kamen. Ynstellingen hawwe noch oant 29 oktober de tiid harren oanfraach foar de boanus yn te tsjinjen.