Doar dysels te wêzen, seit Stotterfonds tsjin jongerein dy't stammeret

22 okt 2020 - 07:22

'Dare to be y-y-you' is it tema fan de Wrâldstammerdei, dizze 22 oktober. It Stotterfonds set him mei de kampanje benammen yn foar jongelju tusken de 12 en 18 jier. Dy hawwe it faak dreech mei it stammerjen. It fûns hat dêrom sân tips ûntwikkele en dy op in boekelizzer drukt.

Foto: Stotterfonds

De tips geane benammen oer iepenheid, seit Annemarie van der Wal fan it Fryske Stottercentrum. "Vertel dat je stottert, zoek contact met anderen die stotteren, durf erover te praten."

In soad skamte

Dy iepenheid is faak it probleem, hielendal by jeugd op de middelbere skoalle. "Dan wil je liever niet anders zijn dan een ander, dus we komen veel schaamte tegen", fertelt Van der Wal. En net prate is gjin opsje: "Ik kan zelf niet zo goed sporten, maar dan ga ik gewoon niet tennissen. Daar kun je omheen. Met stotteren is dat een ander verhaal, want praten moet je je hele leven."

Minsken dy't stammerje, ha somtiden sels in wize fûn om dat minder blike te litten. "Ik kom bij het Stotterfonds ook wel eens iemand tegen die ik aan het begin helemaal niet hoor stotteren. Die is dan heel handig geworden om er omheen te spreken, om synoniemen te vinden voor de woorden die hij had wíllen zeggen."

Dat is lykwols gjin oplossing foar de lange termyn, seit Van der Wal

Van der Wal hopet dat der mear omtinken komt foar it stammerjen. It is wichtich dat jongerein it sels ûnder de oandacht bringt, mar dat is net altyd like maklik foar minsken tusken de 12 en 18 jier. "Het gaat niet vanzelf. Openheid is heel belangrijk en heel fijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)