Krystpakketten dit jier djoerder en lúkser, besoarging troch de brievebus

22 okt 2020 - 06:53

De coronapandemy soarget der dit jier foar dat bedriuwen oare krystpakketten oanskaffe foar har meiwurkers. De krystattinsje mei dit jier wat mear kostje, de ynhâld is oars en de oarders komme wat letter op gong. Dat seit in grut krystpakketbedriuw út Snits.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

In folslein nije trend binne lytse, platte krystpakketten dy't troch de brievebus kinne. "Daar kan zelfs een witte wijn in, die gaat dan in plastic. We noemen het een thuiswerkerspakket. 75% van onze pakketten worden dit jaar thuisbezorgd", seit Louke Koopman fan Yokado út Snits.

Lúkser en djoerder

De pakketten binne dit jier krekt wat lúkser en djoerder as oars. Nim bygelyks it folsleine Airfryer pakket. In bedriuw betellet dêr by it krystpakkettebedriuw 130 euro foar. Dêr stean de goedkeapere pakketten fan tusken de 20 oant 35 euro tsjinoer dy't mear rjochte binne op in gesellige jûn thús op de bank. Dêr sit dan in spultsje by, oanfolle mei saken as sjips, wyn en oare hapkes foar by de buorrel.

Je soenen sizze dat minsken dit jier gjin ferlet ha fan guod dat tinken docht oan reizgjen, om't dat fanwege de coronakrisis net mear sa bot kin. Dat falt lykwols ta. "Sommige bedrijven nemen alsnog een 'travelpakket', zodat personeel na de coronaperiode weer zin krijgt om op reis te gaan", beneamt Koopman.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Der wurdt dit jier mear útjûn oan de krystkado's foar minsken, om't in regeling foar wurkjouwers oanpast is. "Dat is de WKR-regeling, de werkkostenregeling. Die was 1,7% van het totale brutoloon, die is nu 3%. De budgetten gaan daardoor flink omhoog", leit Koopman út.

Dêr komt by dat krystfeesten of simmerbarbecues by bedriuwen net trochgien binne en dêrtroch is der wat jild oerbleaun foar in moai krystpakket.

Waarme septimbermoanne

Mei troch de waarme septimbermoanne en de coronakrisis komme de oarders foar de attinsjes wol letter op gong. Op 1 novimber set it bedriuw útein mei it ynpakken en ferstjoeren fan de pakketten. "Dat gaat een enorme logistieke puzzel worden, omdat we nu veel meer thuis gaan bezorgen. Normaal gesproken is dat slechts 20% van de leveringen", fertelt Aline Elgersma fan Yokado yn it magazyn.

Mei guon ûndernimmers hat de kadoleveransier ôfspraken makke, sadat wurknimmers bygelyks by de bakker of slachter harren krystpakket ophelje kinne. Online kin dan útkeazen wurde wêr't it krystpakket ophelle wurdt.

Louke Koopman en Aline Elgersma fan Yokado út Snits

(Advertinsje)
(Advertinsje)