Jierrenlange ynset nedich om in nije 'MSC Zoe' foar te kommen

22 okt 2020 - 06:08

Om in nije ramp mei konteners boppe it Waad foar te kommen is in programma oer meardere jierren nedich. Yn dat programma soenen maatregels útfierd wurde moatte dy't neffens de Onderzoeksraad voor Veiligheid nedich binne om in nije ramp foar te kommen.

MSC zoe

Dêr pleitet de Waadferiening foar, dy't mei in grut oantal oare partijen nije wike woansdei oanskoot by in harksit yn de Twadde Keamer. Dan wurdt it rapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid oer de MSC Zoe bepraat. Nei't jierrenlang besocht is troch de Waadeilannen en natuerorganisaasjes wat te dwaan oan de problemen mei de kontenerskipfeart, is dit neffens de feriening it momint om troch te pakken.

Mear as tsien ynsidinten yn tsien jier

Der leit no in breed pakket oan ûndersiken en oanbefellings op grûn wêrfan't aksje ûndernaam wurde kin. "Dat hoop ik van harte, want er zijn er al ongelooflijk lang zorgen bij natuurorganisaties en Waddeneilanden. Als je de afgelopen tien jaar kijkt, zijn er meer dan tien incidenten op de Noordzee geweest waarbij er meer dan 500 containers overboord zijn gegaan. Je ziet ook dat er in het rapport van de Onderzoeksraad voor Veiligheid staat dat er er geen jaarlijkse risico-analyses worden gemaakt. En dat er tot nu toe eigenlijk nooit een verband is gelegd tussen het overboord gaan van containers en natuurschade aan bijzondere natuurwaarden", seit Ellen Kuipers fan de Waddenvereniging.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Als dit grote incident met de MSC Zoe geen veranderingen teweeg zou kunnen brengen, dan weet ik het ook niet meer.

Ellen Kuipers fan de Waddenvereniging

Dat is oan it feroarjen; ek ynternasjonaal sjocht Kuipers: "Zelfs verzekeringsmaatschappijen worden daar al zenuwachtig van en willen hun premies verhogen." Sy kin it har suver net yntinke dat dit alles gjin feroarings opsmyt. "Als dit grote incident met de MSC Zoe geen veranderingen teweeg zou kunnen brengen, dan weet ik het ook niet meer."

De konklúzjes fan de Onderzoeksraad, mar ek fan in ynternasjonaal ûndersyk ûnder lieding fan flaggesteat Panama, binne dúdlik as je sjogge nei hoe feilich oft it kontenerferfier op de hiele grutte skippen is. Kuipers: "Daaruit blijkt gewoon dat die schepen zo groot zijn geworden dat ze niet veilig zijn."

En de skippen wurde hieltyd grutter. Der rint noch in ûndersyk nei de feilichheid fan lytsere kontenerskippen troch ûndersyksynstitút Marin. Want ek dy ferlieze konteners.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Dat langetermynprogramma dêr't de Waadferiening om freget, is neffens harren logysk as je sjogge nei it ferskaat oan oanbefellings dat no op tafel leit, sa makket Ellen Kuipers fan de Waadferiening dúdlik: "Omdat er heel veel verschillende aanbevelingen zijn naar verschillende partijen over de korte en lange termijn is het best wel een veel omvattend proces."

Neffens Kuipers moat der in programma komme wêrby't de ferskate partijen gearwurkje: "Internationaal, trilateraal tussen Nederland, Duitsland en Denemarken en nationaal bijvoorbeeld de Kustwacht. Er moet een programmaplan komen vergelijkbaar met het Deltaprogramma waarbij de aanbevelingen worden omgezet in acties en tijdlijnen, dat de verantwoordelijke personen en organisaties worden gekoppeld met een fatsoenlijk budget en dat jaarlijks de voortgang openbaar wordt gerapporteerd aan de Tweede Kamer."

Mear foech foar de Kustwacht

Nederlân allinnich kin net it measte dwaan om de risiko's fan de kontenerfeart te beheinen en moat dus oparbeidzje mei oare lannen en belanghawwenden. Wol soe der neffens de Waadferiening romte wêze om sels in ferkearsbegeliedingssysteem yn te stellen; in saneamd VTS-gebiet. De Kustwacht soe dêr mear foech en middels foar krije moatte, sa skriuwt ek de Onderzoeksraad dy't oerlis hjiroer mei Dútslân wol in goed idee fynt.

Ellen Kuipers fan de Waadferiening

De MSC Zoe is ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 ferlear it hûnderten konteners boppe de Waadeilannen. Mear nijs dêroer is te finen op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)